Weromsjen op Concours Hippique yn Bûtenpost: "Het is de goede kant op gegaan"

In dielnimmer yn aksje op it Concours Hippique © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Túchhynders, springe om de grutte priis en trije kampioenskippen. Op it Mejontsmafjild yn Bûtenpost koene hynderleafhawwers woansdei wer genietsje fan it Concours Hippique. Mei in programma mei in grut ferskaat, in soad hynders en folle tribunes wie it in hynste-evenemint as fan âlds.
Besikers, dielnimmers en organisatoaren sjogge tefreden werom op it konkoers. Troch corona koe it evenemint twa jier net trochgean. Dêrtroch is foarsitter Tiemen Dolfijn him krekt bewuster fan hoe bot oft er derfan genietet. "Het is niet vanzelfsprekend dat we ieder jaar een concours hebben. Dan sta je er ook wat anders in."

Oars as yn 2019

Mei sa'n lange tiid sûnt it lêste Concours Hippique is it wer even oanfielen hoe't it ek alwer moat mei de organisaasje. Mar nettsjinsteande dat is it goed gien. "Ik ben er uitermate tevreden over. Het is echt de goede kant op gegaan", fynt Dolfijn.
Dochs binne der ek wol wat ferskillen te sjen mei it lêste konkoers: it terrein is oars yndield en der sit gjin oerkaping oer de tribune. Dolfijn: "Dat klopt, we wilden een pas op de plaats maken door corona. We hebben de veilige weg gekozen om eerst niet te investeren in een overkapping. Maar we hebben hem niet gemist vandaag."
Wat der ek oars is dit jier, is dat de tribunes al oan it begjin fan de middei goed fol sieten. "Het is een non-stop programma. Iedereen loopt in en uit. Omdat je ook de festiviteiten in en om het dorp hebt, zoals de Natuurmarkt en de Matinee." Uteinlik hawwe der tusken de 3.000 en 5.000 besikers op it evenemint west, rûst Dolfijn.
Concours Hippique Bûtenpost 2022 © RTV NOF
Foarsitter Tiemen Dolfijn oer it Concours Hippique

Ekstra kampioenskip

Dit jier wiene der trije kampioenskippen op it konkoers. "Uiteindelijk hebben we het kampioenschip 'dames Fries ras' erbij gekregen. Dat wilden we toch graag in Fryslân op de grasmat verrijden", fertelt Dolfijn grutsk.
De winner fan dat kampioenskip, Marieke Okkema, is grutsk op har oerwinning. "It wie superspannend. It wie waarm en it wachtsjen wie lang. Al mei al is it in echte ûntlading ast echt kampioen wurdst. Dat wie fantastysk."

Kroan op it wurk

"We hawwe twa jier eins net mear túgd. Nei twa jier meist dan wer tuge en hast in hiel goed hynder. Dan wolst it ek hiel graach goed dwaan. It gie ek goed, en dan is dit echt in kroan op ús wurk. Fan de eigener, en fan my, de trainer", fertelt se.
Marieke Okkema, winner fan froulju Frysk ras
Okkema fûn it in spannende wedstriid. "It binne allegear goede hynders dy't meidogge. Eltsenien wol graach sa'n kampioenskip winne. Dan wurde de dingen echt even 'close call'. En dan moat de arbiter beslisse."
Neffens har wie datjinge wat de trochslach joech, dat sy ynspile op wêr't de sjuery en de arbiter nei sjogge. "Ik haw fan it begjin ôf goede stikken sjen litten, We waarden allegearre wol wat wurch oan de ein en dan moatte je it konstante meinimme."