Kongressintrum Drachten wurdt needopfang foar asylsikers Ter Apel

Asylsikers yn Ter Apel moatte bûtendoar sliepe omdat de opfang fol is © ANP
It Frysk Kongressintrum Drachten wurdt fan 15 augustus ôf beskikber steld foar krisisopfang foar asylsikers út Ter Apel. Dat beslút hat it gemeentebestjoer fan Smellingerlân naam op fersyk fan de Feilichheidsregio Fryslân.
It Ryk hie Feilichheidsregio's frege om tydlik needopfangplakken te realisearjen. De opfang yn Drachten is foarearst foar seis wiken, mei in mooglike ferlinging mei nochris seis wiken. Der kinne maksimaal 225 minsken opfongen wurde.
De needopfang yn Fryslân is no noch yn de Hoekstrahal op It Hearrenfean. Dy giet op 15 augustus ticht, wêrnei't Drachten de opfang oernimt. It is noch net dúdlik wannear't it COA it Kongressintrum yn gebrûk nimme sil.