Nei twa coronajierren wer Snitswike, surfers binne werom

In eardere edysje fan de Snitswike © ANP
De surfers binne werom op de nijste edysje fan de Snitswike en der is in twadde wedstriidbaan. Dy twa dingen binne nij op it wettersportevenemint dat freed fan start giet.
Hast seishûndert sylboaten mei sa'n 1100 silers ferdield oer tritich klassen dogge de kommende wike mei oan de 85ste Snitswike. Leafhawwers moasten fanwege it coronafirus twa jier lang wachtsje op dizze jubileumedysje fan it grutste binnenwettersportevenemint fan Europa.
It tal dielnimmers is hast gelyk oan dat fan de lêste edysjes. Freedtejûn is de offisjele iepening fan de Snitswike mei de floatskou en in lasershow. Yn totaal duorret it sylevenemint seis dagen. De organisaasje fan de sylwedstriden is yn hannen fan de Koninklijke Watersportvereniging Sneek (KWS).

Twadde wedstriidbaan

Op dit stuit is de organisaasje dwaande mei de lêste tariedings op it starteilân. Nij dit jier is in twadde wedstriidbaan op it wetter. Dêr sille de Optimisten en de teams fan it G-silen. Dat binne dielnimmers mei in beheining.
Trynke Schuurman fan de KWS: "We hawwe der allegearre sin oan"
Fierders binne de surfers foar it earst nei tritich jier werom op de Snitswike. Ek sy meitsje gebrûk fan de nije, twadde wedstriidbaan.
De kontrôle op de ferkeap fan gniisgas yn Súdwest-Fryslân jildt foar alle seis stêden en foar de kearnen Makkum, Heech en Wâldsein.