Strange kontrôle op ferkeap gniisgas yn Snitswike, boetes oant 50.000 euro

Gniisgasballon © ANP
De gemeente Súdwest-Fryslân sil yn de kommende Snitswike aktyf kontrolearje op de ferkeap fan gniisgas. De boetes kinne oprinne oant 50.000 euro.
It ynazemjen fan gniisgas is wetlik noch net ferbean. Dêrom makket de gemeente gebrûk fan besteande regeljouwing om de ferkeap oan bannen te lizzen. Se brûke dêrfoar de Algemiene Pleatslike Feroardering (APV) en ek miljeuwetjouwing, sa seit de boargemaster Jannewietske de Vries.
Minsken sakken ynoar op drokke strjitten of stapten mei gniisgas op yn de auto.
Boargemaster Jannewietske de Vries
It belied is yn juny ferline jier al ynsteld, nei't by de lêste folsleine edysje fan de Snitswike yn 2019 in soad oerlêst wie troch it brûken fan gniisgas. De boargemaster neamt in pear foarbylden fan wat der doe barde: Minsken sakken ynoar op drokke strjitten of stapten mei gniisgas op yn de auto. "Dat wolst net as it hiel drok is. En it is libbensgefaarlik."
De gemeente wol dat probleem no struktureel oanpakke. Sawol de ferkeap troch partikulieren as hoarekabedriuwen sil oanpakt wurde. Fan dizze oankundiging giet ek in previntive wurking út, meldt de boargemaster. Sa wurde bygelyks ferkeapbalys fuorthelle.
Boargemaster Jannewietske de Vries oer strange kontrôles op ferkeap gniisgas
De Snitswike begjint op freed 5 augustus en duorret oant en mei 11 augustus. Alle dagen binne der sylwedstiden op de Snitser Mar. De Snitswike lûkt ek altyd in soad jongerein. Dy komme foar de gesellichheid op it evenemint.
De strangere kontrôle op de ferkeap fan gniisgas jildt foar alle seis stêden yn de gemeente Súdwest-Fryslân en foar de plakken Makkum, Heech en Wâldsein.