Sylboat sonken yn Van Harinxmakanaal by Harns

Sonken syljacht yn kanaal by Harns © CAMJO media
Yn it Van Harinxmakanaal by Harns is woansdeitemiddei in syljacht sonken. De helptsjinsten waarden om healwei fjouweren hinne oproppen, mar koene neat mear dwaan. Der binne gjin persoanlike ûngelokken meld.
Nei alle gedachten is it syljacht ûnder wetter earne tsjinoan kaam en lekrekke. Doe't in grut baggerskip delfear, kypte it jacht ynienen oer de sydkant. Doe sonk it noch fierder.
It farferkear tusken Harns en Kiestersyl is stremd yn ferbân mei it ynsidint. Ek kinne der tydlik gjin skippen skut wurde.