Langwar wint skûtsjesilen by Terherne

Langwar wint skûtsjesilen by Terherne © Omrop Fryslân. Gearstje de Vries
Langwar mei skipper Harmen Brouwer hat de fjirde wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022 wûn. De Lemmer waard twadde en Earnewâld einige op it tredde plak.
In wie woansdei in moaie silerij op de Snitser Mar, mei romte foar praktysk ynsjoch, want kiest de skipper foar de iene tonne of foar de oare? It wie ek in wedstriid fan 'stuorke wikseljen'. De skûtsjes wikselen inoar hieltyd ôf wat de posysjes oanbelanget.
Drachten kaam as earste nei it startskot oer de startline. Skipper Jeroen Pietersma hâlde de foarsprong fol oant de hege tonne. Nei sawat in healoere lei Drachten noch altyd op kop en wiene se de earsten dy't om de boppewynse tonne hinne kamen.
Skûtsjesilen by Terherne op de Snitser Mar © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Mar Drachten koe de kopposysje net folhâlde. Nei sawat trije kertier naam De Lemmer it oer. Dêrnei lei skipper Albert Visser fan De Lemmer lange tiid op kop.
Dochs wie it Langwar dy't op it lêste momint it earste plak pakte. "Wat is dit machtich moai. Hjir hawwe wy trije jier foar wurke. It skipke docht it sa moai", sei de jonge skipper Harmen Brouwer flak nei de finish mei triennen yn de eagen.
SKS Skûtsjesilen by Terherne © Omrop Fryslân

De útslach fan de wedstriid by Terherne

Nûmer Skûtsje Punten
1 Langwar De Jonge Jan 0,9
2 De Lemmer Lemster Skûtsje 2
3 Earnewâld Twee Gebroeders 3
4 Huzum It Doarp Huzum 4
5 Drachten Twee Gebroeders 5
6 Grou Doarp Grou 6
7 It Hearrenfean Gerben van Manen 7
8 Drachten Heale Moanne d'Halve Maen 8
9 Snits De Sneker Pan 9
10 De Jouwer Oeral Thús 10
11 Starum Súdwesthoek 11
12 Ljouwert Rienk Ulbesz 12
13 Akkrum Eildert Sietez 13
14 Wâldsein Klaas van der Meulen 14
Langwar wint skûtsjesilen by Terherne
Mei dizze útslach giet De Lemmer oan de lieding yn it klassemint. Earnewâld en Grou binne de nûmers twa en trije.

It klassemint nei fjouwer wedstriden

Nûmer Punten Oflûk
1 De Lemmer 6 3
2 Earnewâld 8 7
3 Grou 10,9 9
4 It Hearrenfean 12.9 10
5 Langwar 15,9 12
6 Snits 17 10
7 Ljouwert 18 12
8 Huzum 19 14
9 De Jouwer 19,9 14
10 Drachten 22 12
11 Wâldsein 28 14
12 Heale Moanne 29 14
13 Starum 29 13
14 Akkrum 30 13
Gearfetting skûtsjesilen Terherne
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link. De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.