De toan fan Froukje Sijtsma: "Sân kearskes"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Amber, myn alderleafste famke, mei hjoed sân kearskes útblaze. Se sjocht al dagen út nei de feestlike taart, slingers en ballonnen en fansels de tafel fol pakjes. In feestje spesjaal foar har. Alle jierren hat se frij op har grutte dei. Dat is it foardiel fan dyn jierdei fiere yn de simmerfakânsje.
Ik kin it soms hast net leauwe dat se alwer sân wurdt en dat de jierren sa hurd foarby fleane. Soms wurd ik der weemoedich fan as ik troch âlde foto's en filmkes skrol en sjoch hoe bot har gesicht en stimke feroaret.
Ik kin my noch goed heuge dat ik swanger wie. It geslacht fan it berntsje wisten wy yn it foar bewust noch net. Ik wie der op basis fan de bakerpraatsjes bot fan oertsjûge dat it in jonkje wurde soe. Myn búk wie enoarm. Alle skopkes dy't ik fielde fûn ik hiel bysûnder. Ik fertel Amber no wolris dat se altyd fuort mei de earms en skonken begûn te bewegen, alle kearen at ik in muzykje opsette. Grapjeiend sis ik dat se doe yn de búk al behoarlik fan har hearre liet.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik wie hiel benijd watfoar type berntsje wy krije soenen. Skruten of miskien just hiel ekstravert? Ik koe my der gjin foarstelling by meitsje. Op de dei dat ik Amber yn de earms krige, wie ik fuort fereale. Sa leaf en sa eigen. Ik koe de earste nacht, noch fol fan adrenaline, net yn 'e sliepe komme. De hiele tiid seach ik yn de widze hoe't se lei, sykhelle en sliepte.
Amber is in hiel leaf, ûndernimmend, sterk en temperamintfol famke. Ien dy't hiel goed wit wat se wol. Se is sljocht op bisten en wol alle hûntsjes yn de strjitte aaie. Se is ek in hiel linich en sportyf famke. Se hat der aardichheid oan om yn ferkearsbuorden te klimmen. Ik moat der net oan tinke dat har wat oerkomme sil, mar op de ien of oare wize haw ik dat gefoel noait at se soepel slingerjend fia touwen meters heech nei de top fan in klimtoer klimt.
Doe't ik har ris in filmke sjen liet fan it Frysk kampioenskip fierljeppen foar famkes, wie se der stil fan. Dat soe se miskien ek wol leare wolle. Of op survival. Mar earst wol se op balletles, want dêr sit har bêste freondintsje ek op.
Foardat ik mem waard, tocht ik dat âlden harren bern leare soenen oer it libben. Mar eins is it ek oarsom. Amber hâldt my faak in spegel foar. Lêst fierden wy myn jierdei en ik hie net de muoite naam om foar mysels de slingers op te hingjen en ballonnen op te blazen. Myn famke fûn dat mar stom. "It is hjoed dochs feest, mem? Dat moast dan ek sjen litte." En dus hingje ik hjoed ekstra bewust de slingers foar har op. Ik sjoch der bot nei út hoe't se fan har feestje genietsje sil en wat it nije jier foar har yn petto hat."