PC Kafee 3: foarútsjen mei feteranen en debutanten

Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Hjoed diel 3, mei omtinken foar de PC fan 2012 en foar de debutanten fan dit jier.
Van Tuinen werom nei de bjusterbaarlike finale fan 2012. Mei twa winners oan tafel: René Anema en Thomas van Zuiden. Thomas is krekt ophâlden as haadklasser, mar kin weromsjen op in hiel bysûndere karriêre. Ek de ferliezend finalist is der, Taeke Triemstra.
Dit PC Kafee is ek as podcast te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Jan Bantema wie in keatser in de marzje. Dochs hat er in bysûnder oantinken oan de PC fan 1992. Piet en Grada Grijpma út Sint-Jabik binne echte keatsleafhawwers. Alle wiken binne se te finen op de keatsfjilden en no binne se te gast yn it PC Kafee.
Van Tuinen ûntfangt yn dit PC Kafee neffens tradysje fansels ek wer in oantal PC-debutanten. De kollum is fan âld-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en de live muzyk komt fan Stageline.
PC Frjentsjer
Woansdei 3 augustus stjoert Omrop Fryslân fan 14.00 oere ôf de PC live út op telefyzje. Fan 09.30 oere ôf is de PC te folgjen op radio en online. Dé PC-sfear is de hiele dei te belibjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/keatsen.