Te min personiel, sikehûs Snits slút operaasjekeamer: "Dit is dramatisch"

Antonius sikehûs Snits © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It Antoniussikehûs yn Snits slút fuortendaliks ien fan de fjouwer operaasjekeamers foar in moanne. Neffens it sikehûs binne der tefolle meiwurkers siik.
Der bliuwe trije operaasjekeamers iepen: twa foar plande yngrepen en ien foar spoedoperaasjes. It sikehûs bellet dizze en nije wike njoggentich minsken ôf. "Dit is dramatisch", fynt Marcel Kuin, foarsitter fan de rie fan bestjoer.
"Dit wil je niet. Dat geldt voor mij en voor alle medewerkers in de zorg. Je wilt mensen helpen, maar je bent met handen en voeten gebonden."
De planning foar de perioade hjirnei moat noch besjoen wurde.
Marcel Kuin, foarsitter fan de rie fan bestjoer fan it Antoniussikehûs yn Snits
It syktefersom is de lêste tiid wer bot tanaam. Dêrtroch binne der net genôch soarchferlieners beskikber, ek al hat it sikehûs wol maatregels naam, neffens Kuin.
"We hebben medewerkers gevraagd om meer uren te draaien. We hebben al eerder bedden gesloten om personeel te sparen en we doen veel meer telefonisch en digitaal."

'Struktureel oars wurkje'

Om de wurkdruk net te heech oprinne te litten, nimt it sikehûs no it beslút om ien fan de operaasjekeamers te sluten. Kuin slút net út dat der mear slutingen folgje sille by in mooglike nije coronagolf.
"Dat betekent dat je structureel anders moet werken. Patiënten meer buitenshuis helpen, als dat kan. Alleen opnemen als het echt nodig is en meer samenwerken met andere ziekenhuizen. Maar we maken ons wel zorgen over dit najaar."

Keamerfragen

Yntusken binne der Keamerfragen steld oer de sluting fan in operaasjekeamer yn Antonius. Lilian Marijnissen fan de SP wol fan de minister witte wat dy derfan fynt en wat hy der oan dwaan kin.