It Hearrenfean wint skûtsjestriid by Earnewâld

It skûtsje fan skipper Sytze Brouwer op it wetter by Earnewâld © Martin de Jong Fotografie
It Hearrenfean mei skipper Sytze Brouwer hat de tredde wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022 wûn. De Lemmer waard twadde en Earnewâld einige op it tredde plak.
Lykas moandei op De Feanhoop waard der tiisdei op nûmer start. De skûtsjes dy't doe yn de efterein begûnen, mochten no foaroan starte.

Startproseduere moat opnij

De wedstriid kaam lykwols wat dreech op gong. De sleepline bruts en it skûtsje fan Drachten hat dêrby skea oan it swurd oprûn. De startproseduere moast hielendal op 'e nij en pas trije kertier letter koe de striid losbarste.
De Súdwesthoeke mei Auke de Groot mocht foaroan starte, mar al by de earste tonne gie Douwe Visser fan Grou it skûtsje foarby. It Hearrenfean makke ek in moaie slach en gie fan seis nei trije.

Gribus yn de Folkertsleat

Yn de Folkertsleat wie it hiel nau. De skippen sieten hiel deun op inoar en dat smiet problemen op: Akkrum en Drachten kamen mei-inoar yn oanfarring en Huzum bedarre yn de boskjes by de Folkertsleat.
Yn de foarein die It Hearrenfean mei Sytze Brouwer hiele goeie saken. Se skeaten de Súdwesthoeke foarby en pakten dêrmei it twadde, en firtueel miskien wol it earste plak.
In oar skûtsje dat goed meidie, wie De Lemmer mei Albert Visser. De Lemsters mochten fan it tolfde plak ôf begjinne en skoden op nei it sechsde plak.

Protest

It Hearrenfean gie yn it lêste part fan de wedstriid sels koprinner Grou foarby. Dêrmei like de striid wol beslikke. Dochs koenen Brouwer en syn bemanning noch net feestfiere: Earnewâld hie in skoft in protest rinnen en dat wie tsjin It Hearrenfean.
Op it lêste momint helle Earnewâld de protestflagge der lykwols út en dus wie de ferromming by It Hearrenfean grut. Sy wûnen de tredde wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022.

De útslach fan de wedstriid by Earnewâld

Nûmer Skûtsje Punten
1 It Hearrenfean 0,9
2 De Lemmer 2
3 Earnewâld 3
4 Grou 4
5 Ljouwert 5
6 Súdwesthoeke 6
7 Langwar 7
8 Huzum 8
9 De Jouwer 9
10 Snits 10
11 Wâldsein 11
12 Drachten 12
13 Akkrum 13
14 De Heale Moanne 14
Skipper Sytze Brouwer fan It Hearrenfean wie út 'e skroeven mei de oerwinning. "God, wat hawwe wy in moaie wedstriid syld. We hawwe alles pakt wat we pakke koenen. Alle kânsen benut en no binne we earste, super!"
"We hawwe in protte traind en in protte oeren deryn stutsen", giet Brouwer fierder. "Dat docht fertuten, dit is prachtich."
De hichtepunten fan it skûtsjesilen by Earnewâld
Mei dizze útslach giet De Lemmer oan de lieding yn it klassemint. Grou en Earnewâld binne de nûmers twa en trije.

It klassemint nei trije wedstriden

Nûmer Skûtsje Punten Oflûk
1 De Lemmer 4 3
2 Grou 4,9 9
3 Earnewâld 5 7
4 It Hearrenfean 5,9 10
5 Snits 8 10
6 Ljouwert 9 9
7 De Jouwer 9,9 14
8 Langwar 15 12
9 Huzum 15 14
10 Wâldsein 17 11
11 Drachten 17 12
12 Akkrum 17 13
13 Súdwesthoeke 18 13
14 De Heale Moanne 21 14
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link. De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.