'Simmer yn Fryslân' mei hynders, racers en muzyk yn Lúnbert en Tsjalbert
Simmer yn Lúnbert en Tsjalbert
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tiisdei yn Lúnbert en Tsjalbert. Ferslachjouwer Esther Dijkstra lit de ferskate kanten fan de doarpen sjen: mei hynders, racers en muzyk!
Eelco Kruis en syn dochter binne fanatike racers. Eelco is sels Nederlânsk kampioen yn de Sport 1600-klasse.
Noch in Eelco Kruis, omke fan de earste Eelco, is in âld-kampioen yn it hynstedraven. Hy hellet noch altyd in protte wille út syn leafde foar de hynders.
En Esther hie ek noch tiid om te genietsjen fan in ferfrissend drankje en live-muzyk op it terras.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Woansdei 3 augustus is Omrop Fryslân yn Frjentsjer. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.