Sjoch hjir nei de hichtepunten fan it SKS-skûtsjesilen by Earnewâld

De hichtepunten fan it SKS-skûtsjesilen by Earnewâld
De skûtsjes fan de SKS binne woansdei delstrutsen op it wetter by Earnewâld. Hjirboppe de gearfetting fan de tredde wedstriid yn it kampioenskip.
De folsleine wedstriid werom sjen kin ek, op ús YouTube-pagina.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Woansdei fanwegen de PC allinnich online, op de webside, app en YouTube-pagina fan de Omrop.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.