FOTO'S: langstsittend premier Mark Rutte wit ek it paad nei Fryslân te finen

Premier Mark Rutte by de Waag yn Ljouwert © ANP
Mark Rutte is sûnt hjoed de langstsittende premier fan Nederlân. Yn syn polityke karriêre besocht hy ek ferskate kearen Fryslân. In oersjoch yn wurd en byld.
Noch foar't Rutte yn 2010 minister-presidint waard, hie hy al ferskate kearen op besite west yn ús provinsje. Sa wie hy yn 2003 as steatssekretaris fan Sosjale Saken te gast yn it programma Brekking fan Omrop Fryslân. Fjouwer jier letter waard Rutte ferkeazen ta VVD-lieder.
Yntusken is Rutte 4.311 dagen polityk lieder fan Nederlân, wêrmei't er Ruud Lubbers in dei foarby gien is as langstsittend premier. Koart foar't er minister-presidint waard, die de doe 43-jierrige Rutte mei oan it Noardlik Listlûkersdebat, dêr't Omrop Fryslân oan meiwurke.
Yn de winter fan 2013 waard it lanlike VVD-kongres yn it WTC yn Ljouwert holden, dêr't Rutte as polityk lieder fansels ek oanwêzich wie. Hy liet him dy dagen ek bûten it kongres om sjen. Sa wie hy ûnder oare te gast by restaurant By Us yn Ljouwert en besocht hy it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean.
Rutte spruts mei ûndernimmers oer de ekonomyske kânsen foar Fryslân. Fryslân kin goed de eigen broek ophâlde en hoecht net perfoarst nei Den Haag te sjen foar subsydzje, sei hy. "In Friesland gebeuren prachtige dingen. Maar daar trots over vertellen, daar moet je Friezen net even toe uitdagen."
Premier Rutte socht ek it wetter op: yn 2015 bygelyks mei Leo Pieter Stoel, dy't hjoed-de-dei boargemaster fan Amelân is. Rutte wie op útnûging fan Stoel kaam: sy hawwe yn it ferline noch beiden yn it bestjoer fan de JOVD sitten, de jongereinôfdieling fan de VVD. Tegearre giene sy nei it wedstriidsintrum yn Snits, mar sy stapten ek yn de sylboat.
Yn 2016 wie Rutte ek yn Fryslân foar in VVD-kongres. Hy neamde Fryslân 'een voorloper': de provinsjes wat fierder by Den Haag wei dogge it goed, sei hy.
Op it kongres trof hy ek allerhanne VVD-pommeranten lykas Halbe Zijlstra, berne yn Easterwâlde, en Hans Wiegel, dy't tusken 1982 en 1994 kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân wie.
Net allinne foar de Twadde Keamerferkiezingen waard kampanje fierd, mar ek foar de gemeenteriedsferkiezingen. Sa kaam Rutte yn novimber 2017 nei de binnenstêd fan Ljouwert om dêr de VVD te promoatsjen.
In jier letter, yn 2018, wie de Nasjonale Befrijingsdei yn Fryslân. Rutte kaam dêrfoar nei Fryslân ta: op it Aldehoustertsjerkhôf ûntstuts er it frijheidsfjoer. It die him in soad dat jongelju stilstiene by de frijheid yn ús lân, sa fertelde er.
Ferline jier wie Rutte te gast yn it politike programma It Polytburo, yn de oanrin nei de ferkiezingen. De lanlike kopstikken wiene te gast by Omrop Fryslân om't it midden yn 'e coronakrisis wie en der op strjitte gjin kampanje holden waard. De premier wie net fysyk te gast, mar digitaal.
Foar de útstjoering makke tekener Gerco van Beek in cartoon fan Rutte. De print waard opstjoerd en premier Rutte wie dêr mar wat wiis mei, hy stjoerde in foto mei de cartoon werom.
Premier Rutte mei de cartoon © Omrop Fryslân