Ekonomy tsjin natuer en kultuer yn 'Het Verdriet van de Zuiderzee'

Repetysjes foar 'Het Verdriet van de Zuiderzee' © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Njoggentich jier lyn waard Fryslân mei de Ofslútdyk ferbûn oan Noard-Hollân. Foar de ferbiningen ideaal, mar it ôfsluten fan de Sudersee hie ek allegear oare gefolgen. Dat ferhaal wurdt ynkoarten ferteld yn de foarstelling 'Het Verdriet van de Zuiderzee'.
De earste repetysjes fan de foarstelling binne yntusken dien. It stik komt nei it sukses fan de earste koproduksje fan skouboarch De Lawei en Orkater yn 2018, 'Lost in the Greenhouse' yn Seisbierrum.
Dat stik gie benammen oer de posysje fan de Poalske seizoensmigranten yn de túnkassen en har libbensomstannichheden. Het 'Verdriet van de Zuiderzee' leit it aksint op de negative gefolgen fan it ôfsluten fan de Sudersee foar natuer, kultuer en in generaasje fiskers.
Repetysjes fan muzykteäterstik 'Het Verdriet van de Zuiderzee'

In oare takomst

De foarstelling is skreaun troch de út Drachten ôfkomstige akteur en regisseur Geert Lageveen. It stik lit de gefolgen sjen dy't de de ôfsluting fan de Sudersee, alwer 90 jier lyn, hân hawwe foar de minske, mar benammen foar de natuer.
De fûgels en de fisken, it hiele ekosysteem, mar ek hoe't in hiele generaasje minsken en doarpen - it fiskersfolk - fuortfage waard en der in nije generaasje lânbouwers kommen is.
Nettsjinsteande positive punten dy't de Ofslútdyk opsmiten hat, is ek in soad stikken makke.
Akteur Geert Lageveen
"Nettsjinsteande positive punten dy't de Ofslútdyk opsmiten hat, lykas bettere ferbiningen en nije ekonomyske mooglikheden, is der ek in soad stikkenmakke", seit Lageveen.
Lageveen fertelt it ferhaal út it perspektyf fan de fûgels. Dat is neffens him net allinnich nedich foar it grutte perspektyf, mar ek om humor ta te heakjen. "De fûgels jouwe de nedige lucht oan dit dochs wol dramatyske ferhaal", seit Lageveen. "Sa leverje se bygelyks kommentaar op de leafdesrelaasjes fan de minsk en hokker muoite dy hat by it sykjen fan in partner."
Sintraal stean de bruorren Minne Minnes en Inne Minnes de Vries en de jongfaam Grietje Bosker, dy't as earste persoan mei de rokken opstrûpt boppe har wollen ûnderbroek oer de Ofslútdyk rint.
Minne Minnes is in oprjochte fisker en spuit op it ôfsluten fan de see. Inne Minnes kiest wol foar de 'foarútgong' en ruilet syn fiskersboat yn foar in moderne pleats op it nije lân.

Gjin pamflet

Hoewol't it boadskip fan de foarstelling net daliks posityf is, wol Lageveen de lading ek wer net te swier en tsjuster meitsje. "Mar as je alles op in rige sette, falt Cornelis Lely wol fan syn fuotstik. Want wat hawwe wy der no eins mei wûn? Wat hat it allegear stikkenmakke? Mar ik haw absolút gjin pamflet meitsje wollen. It moat de minsken sels oan it tinken sette. Dat wol wer."
De muzyk yn de foarstelling dy't ûnder oare makke is troch Sytze Pruiksma, spilet in grutte rol. Want 'Het verdriet van de Zuiderzee' is in echte Orkater-foarstelling, dus muzykteäter. Pruiksma hat ûnderfining mei fûgellûden en muzyk. Foar Kulturele Haadstêd 2018 makke hy de produksje 'Conference of the Birds'.