Advendo fiert de winst, dy't foar Timon Brinkhuis krekt wat spesjaler wie

Timon Brinkhuis fan Advendo © Omrop Fryslân
De wrâldtitel op it ûnderdiel marsparade is in grutte opstekker foar drum- en showfanfare Advendo út Snits. Foar Timon Brinkhuis wie de winst lykwols noch wat spesjaler, om't de parade opdroegen waard oan syn heit.
Wurch, mar tige bliid. Dat wiene de leden fan de drum- en showfanfare Advendo út Snits moandei. Yn it eigen kluphûs fierden sy jûns de wrâldtitel dy't it korps ôfrûne wykein helle by it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade.
Advendo bleau de konkurrinten Showband Takostu út Stiens en Bicycle Showband Crescendo út de Grinzer Pein de baas. De Snitsers droegen de show Black & White Hearted op oan Marc Brinkhuis silger.

Muzikaal lieder en klupman

Brinkhuis hat as ynstrukteur, dirigint en goreograaf in soad foar Advendo betsjutten, fertelt syn soan Timon, dy't sûsafoan spilet by de klup. "Hij had een gigantische rol. Hij was arrangeur, hij schreef de shows en gaf leiding aan de repetities. Het was belachelijk veel werk. Hij deed echt veel voor de vereniging."
Marc Brinkhuis © Omrop Fryslân
Marc Brinkhuis (1970-2020) ferstoar twa jier lyn op 49-jierrige leeftiid. Hy hie mear as fjirtich jier belutsen west by Advendo. Hy wie in echte klupman en Advendo neamde him it hert en de siel fan de feriening.

Motivaasje

De wurden fan Brinkhuis sieten by in soad leden noch yn 'e holle, doe't sy yn Kerkade spylje moasten, sa fertelt soan Timon.
"Het is heel bijzonder. Hij heeft aan het begin van het seizoen gezegd, net na corona: nu gaan we 'm pakken. De vorige keer lukte dat niet, dat was wel zuur. Hij gaf toen een speech en zei: deze keer is 'ie van ons. Een gigantische motivatie."
De parade waard oan Brinkhuis opdroegen © Omrop Fryslân
De speakertekst fan de marsparade begûn dan ek mei dat it opdroegen waard oan Brinkhuis. "Als je dat hoort en 20 seconden later moet beginnen, dan is dat wel even slikken. Dat vond ik wel even moeilijk", seit soan Timon.

"Fantastische belevenis"

Mar de knop koe om en it gie goed. "We hebben een mooi spandoek aan het eind van de marsparade, met zijn silhouet en zijn handtekening. Maar op het veld zelf was ik daar niet mee bezig, die ontlading komt volledig na de tijd. Je bent zo gefocust."
Timon Brinkhuis oer de winst en syn heit
No kin Timon Brinkman weromsjen op in fantastysk evenemint. "Het is een combinatie van een mars met showelementen. Zoals wij het neer hebben gezet zitten er heel veel verschillende figuraties in, daar moet je je kop wel bij houden. We waren de hele dag nog de hort op, het was vijf uur 's nachts toen we thuiskwamen."