Oant no ta 25 partoeren foar 120e Freulepartij

De Freulepartij yn 2021 © Dijks Fotografie
Acht dagen foar de 120e Freulepartij ha 25 partoeren har opjûn. Dat soe in djiptepunt betsjutte, mar de organisaasje yn Wommels tinkt dat der foar de deadline fan sneontejûn noch aardich wat partoeren by komme.
It is in tendins dy't al jierren te sjen is yn it keatsen en dêrtroch ek by de Freule, de belangrykste keatswedstriid foar jonges oant 18 jier: oant en mei 2018 hong it tal partoeren op de Freule om de 50. De ôfrûne jierren sakke dat oantal, mei de 35 fan ferline jier as djiptepunt.
Ferklearring dêrfoar wie doe it coronafirus en dat spilet noch hieltyd mei, tinkt foarsitter Tjeerd Dijkstra. "Dy krijst net samar werom. Yn it ferline wienen it der altyd folle mear. De lêste jierren gong it al drastysk nei ûnderen."
It tal partoeren op de Freule sûnt 2000 (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Mar der spilet mear. Partijen as de Freule binne ôfhinklik fan de doarpen en guon maatskiplike trends helpe dêryn net mei.
"Je sjogge it oan it tal skoallen, ek by ús yn wat earder de gemeente Littenseradiel wie. De iene nei de oare skoalle slút. Dat hat wer alles te krijen mei dat der minder bern yn de doarpen wenje en dêrtroch ha we minder ôfdielingspartoeren."
Nij is de tendins net hielendal. Sa skreau LC-kollumnist Pieter de Groot der yn 2010 it folgjende oer:
"It tal ôfdielingen dat op de Freule keatst, de jongesklassiker fan Wommels, dûkte dit jier foar it earst sûnt jierren ûnder de 50, de teller stûke by 47. De lêste tsien jier hat it tal hieltyd tusken de 50 en 60 skommele."
En ek doe lei it al oan in kombinaasje fan faktoaren:
"Doarpen dy't leechrinne, de konkurrinsje fan oare, mear ta de ferbylding fan jongerein sprekkende sporten, (...) feroaringen yn it ûnderwiis."
Dijkstra tinkt wol dat de Freule dit jier op minstens 32 partoeren rekkenje kin. "Dat basearje ik op de partoeren dy't har opjûn ha foar it NK foar jonges. Dêr wienen in pear dy't har by ús noch net opjûn ha, wylst se kommend wykein wol yn Wytmarsum en Frjentsjer meidogge."
Boppedat binne der al in pear partoeren dy't net oan it NK foar jonges meidienen, mar har wol oanmeld ha foar de Freule. Dat is al boanus.
"We libje yn in nije werklikheid. Foarich jier hienen we dus 35 partoeren, mar ek dêr wienen we hartstikke wiis mei. We moatte it wol akseptearje."