'Simmer yn Fryslân' op syk nei de topdrone fan Minnertsgea

Simmer yn Minnertsgea
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we moandei yn Minnertsgea. Dennis Mennema is dronefleaner en docht as iennige Nederlanner mei oan it WK dronefleanen yn Samsun, Turkije. Ferslachjouwer Esther Dijkstra sjocht oft er klear is foar dat WK.
Under de namme DroneDFPV nimt Mennema diel oan alderhande races en hat er ek al in pear prizen wûn. De drone wêrmei't er fljocht, makket er sels, want dan kin er se ek wer maklik reparearje.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tiisdei 2 augustus is Omrop Fryslân yn Lúnbert - Tsjalbert. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.