Ultime revâns foar De Jouwer mei SKS-winst op De Feanhoop

It skûtsje fan De Jouwer op De Feanhoop © Dijks Media
It Jouster skûtsje hat de ultime revâns pakt foar de SKS-wedstriid by Grou. Nei in spannende finish wûn it skûtsje fan skipper Rinus de Jong op De Feanhoop.
Nei wat diskusje waard besletten dat der in sleepstart komme moast, en dus gjin wâlstart yn it Grytmansrak. Ljouwert profitearre fan de foarste startposysje, dy't se krigen by de lotting fan ôfrûne freed.
Ljouwert en De Lemmer, dy't as tredde starte, sloegen yn it begjin in gatsje. Oanfanklik koe allinnich Snits yn de buert bliuwe.

Grutte ferskillen

It wie in wedstriid dêr't de wyn tige ûnfoarsisber wie. Dat soarge foar grutte ferskillen yn it begjin: dêr't de koprinners de wyn goed yn de silen hienen, leinen guon skûtsjes op guon mominten sawat stil.
De baan by De Feanhoop © Omrop Fryslân
Yn it sicht fan de haven kaam ek Ljouwert hielendal stil te lizzen. De Sneker Pan makke it grutte ferskil wer hielendal goed en sylde Ljouwert sels foarby. Dat die De Lemmer ek.
Dy twa liken te striden om de oerwinning, mar úteinlik gong nota bene De Jouwer dermei fan troch. Yn Grou kaam De Jouwer as alfde oer de finish, mar nei protest waarden se werom set nei it lêste plak. De winst op De Feanhoop sil dêrom tige swiet smeitsje.
Gearfetting fan de SKS-wedstriid op De Feanhoop
Foar Rinus de Jong wie it syn earste oerwinning yn de SKS. Hy jout wol ta dat it hjoed wat gelokssilerij wie. "Mei oeral flaachjes. We ha super konsintrearre oan de gong west. Noch in moai flaachje deryn en we ha 'm, fantastysk!"
"Sneon wie it wat in domper fansels, fan 'e moarn ferlearen we it protest. Dat binne we no fergetten. Dit is safolle emoasje, dan komt it der no út. Prachtich!"
It Jouster skûtsje fiert de oerwinning op De Feanhoop © Martin de Jong Fotografie
Skipper Willem Zwaga fan Ljouwert like de winst foar it gripen te ha, mar moat it dwaan mei in fjirde plak. Flak foar it Grytmansrak lei it skûtsje stil. "As je gjin wyn ha, kinne je 'm ek net stjoere. Hjir kinne je neat oan dwaan. Fan achteren krigen se de wyn earst. It sil ek wolris oarsom wêze."

Grou njoggende

Grou, it skûtsje dat sneon op it thúswetter de earste wedstriid wûn, moast op De Feanhoop as trettjinde begjinne. Se pakten in pear plakjes werom finishten as njoggende.
Tiisdei is de tredde wedstriid. By Earnewâld mei de Súdwesthoeke foaroan begjinne, Ljouwert start achteroan.

Utslach De Feanhoop (ûnder foarbehâld fan protesten)

Skûtsje Punten
1. De Jouwer 0,9
2. De Lemmer 2
3. Snits 3
4. Ljouwert 4
5. It Hearrenfean 5
6. Akkrum 6
7. Earnewâld 7
8. Langwar 8
9. Grou 9
10. Drachten 10
11. Wâldsein 11
12. De Súdwesthoeke 12
13. Heale Moanne 13
14. Huzum 14
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.