Sjoch hjir nei de hichtepunten fan it SKS-skûtsjesilen yn De Feanhoop

Gearfetting fan de SKS-wedstriid op De Feanhoop
Nei de wedstriid yn Grou fan ôfrûne sneon binne de skûtsjes moandei by De Feanhoop. Hjirboppe in gearfetting fan de wedstriid.
De folsleine wedstriid werom sjen kin ek, op ús YouTube-pagina.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.