Foar it earst wolvewelpen sinjalearre yn it súdeasten fan Fryslân

Argyffoto fan twa wolvewelpen © ANP
Foar de earste kear binne der wolvewelpen sjoen yn it súdeasten fan de provinsje. Ut monitoring docht bliken dat der trije wolvewelpen omspane yn de regio Súdwest-Drinte en Súdeast-Fryslân.
Dit is de earste kear dat der welpen yn dit territoarium sjoen binne. Earder dizze simmer binne der al welpen op de wrâld set op de Midden- en Noard-Veluwe.
De welpen binne nei alle gedachten jongen fan it wolvepear dat yn de ôfrûne moannen geregeld tegearre op wyldkamera's sjoen is.
Bekend is dat it froutsje út Barnstorfroedel wei komt, yn Nedersaksen (Dútslân). Yn april ferline jier waard sy foar it earst yn Nederlân sjoen. Wêr't it mantsje wei komt, is net bekend. Hy waard yn septimber foar it earst yn ús lân sjoen.
Foar it earst wolvewelpen sinjalearre yn it súdeasten fan Fryslân
Wolven litte harren ek al langer yn ús provinsje sjen. Nei't yn april 2018 in tal skiep deabiten waard by Boyl, kaam nei DNA-ûndersyk foar it earst fêst te stean dat de wolf yn ús provinsje aktyf wie.

Fersteuring foarkomme

Minsken wurde oproppen om de tagongsregels yn de natuergebieten op te folgjen, sa't de jonge bisten sa min mooglik fersteurd wurde. Welpen binne yn de earste moannen tige gefoelich foar fersteuring. Ek kin de oanwêzigens fan minsken derfoar soargje dat de âlden net by har doare te kommen.
Wa't in wolf tsjinkomt, wurdt frege ôfstân te hâlden in foto of fideo yn te stjoeren fia it Wolvenmeldpunt.