Yn Súdwest-Fryslân kinst tenei ek boa’s op de wetterscooter treffe

In boa op in wetterscooter © LEO Middelsé, Larissa Lokenberg
'Buitengewoon opsporingsambtenaren' (boa's) yn de gemeente Súdwest-Fryslân kinne tenei gebrûk meitsje fan in wetterscooter om ek op it wetter de feiligens te hanthavenjen.
By de boa's wei kaam de fraach om op in mear fleksibele wize wurkje te kinnen. Se hienen al in rappe boat dy't yn oerlis mei de plysje te wetter ynset wurdt. No is der dus in proef mei de wetterscooter.
In boa op in wetterscooter © LEO Middelsé, Larissa Lokenberg
Wethâlder Michel Rietman is der wiis mei. "Als gastvrije gemeente ontvangen we heel veel watersporters. Om hen een veilig gevoel te geven, is handhaving nodig. We hebben een mooi handhavingsteam, maar die is vooral op de vaste wal actief. We verplaatsen ons nu ook naar het water. Want daar gebeurt ook wel wat."
De gemeente Súdwest-Fryslân hat 330 km² wetter. De wetterscooter is in útkomst foar de lytse min berikbere wetteroerflakten. Op de grutte marren kin foaral de boat fan it team brûkt wurde, de Stormer.
Wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân
"Hiermee kunnen de handhavers onder bruggen door en in de wijken actief zijn", seit Rietman. "En een handhaver op een waterscooter is veel beter aanspreekbaar dan in een boot, dus ik verwacht positieve feedback van onze inwoners en gasten."
De boa's krije les en ynstruksjes om goed mei de wetterscooter om te gean en der wurdt mei de wetterplysje ôfstimd wa't wannear yn aksje komt. In echte lakmoesproef sil mei de Snitswike folgje. "Dan hopen we zo'n 350.000 gasten te ontvangen."