It episintrum fan 'e skûtsjedata op De Jouwer: Track & Trace as ûnmisber systeem

Steven van der Bles tusken de laptops © Omrop Fryslân
It is ûnmisber foar it skûtsjesilen: it Track & Tracesysteem. De organisaasje, de sjuery, sjoernalisten, telefyzje, skippers, harren teams en it publyk helje harren ynformaasje út it systeem.
Yn 2019 waard de Track & Trace-applikaasje foar it skûtsjesilen 100.000 kear brûkt. Yn Fryslân, mar ek yn oare lannen, lykas Australië en Kanada.
"Ut de hiele wrâld wei wurdt it skûtsjesilen folge mei de app", fertelt Steven van der Bles fan De Jouwer fol grutskens. Hy hat it systeem foar in part mooglik makke.

Nije snufkes dit jier

Dit jier binne der nije snufkes: ûnder de wedstriid wurde alle skûtsjes fan nije stjoerders mei nije systemen foarsjoen. Ek binne de skûtsjes fan boppe ôf ynteraktyf en yndividueel te folgjen. "Je kinne kieze hokker skûtsje je folgje wolle en alles fan boppe ôf meimeitsje", sa seit Van der Bles.

SKS folgje út hûs wei

Wa't fia de applikaasje en online Track & Trace de wedstriid folgje wol, krijt ynformaasje oer de posysje fan de skûtsjes, de faasje en bygelyks de einstân. Mar om dat foarinoar te krijen is it 'trackteam' fan de SKS alle dagen op 'en paad.
De skûtsjes binne mei it systeem moai te folgjen © Omrop Fryslân
"Om njoggen oere begjinne we de dei mei-inoar by my thús. Wy nimme de dei troch en de jonges dy't yn it fjild binne, nimme alle trackers mei.
Sy soargje dat dy by de skippers fan de skûtsjes komme en se fersoargje de systemen foar in earlike start. "Under de wedstriid sammelje wy alle ynformaasje by ús thús", leit Van der Bles út. Syn wenkeamer op De Jouwer is it episintrum fan de skûtsjedata.

'Ik bin gjin sjuery'

As der ûndúdlikheden binne, dan wurdt der belle. "Dit kin in sjoernalist wêze dy't wat witte wol of ik sjoch bygelyks wat dat net kin." Jurearjen docht hy fierder net. "Ik foarsjoch yn ynformaasje en dat is it ek."
© Omrop Fryslân
Nei de wedstriid wurde de trackers wer ophelle en geane de jonges út it fjild wer nei it oplaadstasjon by Van der Bles thús. "Dan beprate we alles wat der bard is en ite en drinke we wat tegearre. Dat is altyd hiel gesellich."

Untwikkele troch sykte

Doe't Van der Bles lang lyn slim siik waard, trune in freon him oan wat te dwaan. "Hy sei: betink wat aardichs mei boatsjes, dêr bist goed yn. Ik betocht doe in simpel systeem mei Google Maps dêr't boatsjes op bewegen. In wedstriidsiler dy't op Papendal wurke, pikte dat op en wist ús yn ferbining te bringen mei in ûntwikkelder."
Steven van der Bles © Omrop Fryslân
It systeem waard opset en is al gau yn it bûtenlân brûkt. "We fleagen nei alle lannen ta dy't it brûke woenen, mar it die wol bliken dat it net winstjouwend wie. Der sit gewoan net folle jild binnen de sylsport." En dus besleaten de partijen mei-inoar op te hâlden.

Systeem fan de Olympyske Spelen

"In wike letter waard ik belle troch Omega, dat de ynformaasjefoarsjenning by wedstriden foar de Olympyske Spelen docht. Ik waard dêr adviseur troch myn kunde yn it silen. Uteinlik koe ik it systeem by wize fan 'test' brûke by it skûtsjesilen. Ik hie ommers de yngongen", grapket Van der Bles.

In grut sukses

Dat in soad minsken de Track & Trace brûke, wit ek Van der Bles. "100.000 yn 2019 fyn ik in soad!" Ek Omrop Fryslân brûkt de data sûnt 2017. "Mar dat dy ynformaasje allegear registrearre wurdt út myn wenkeamer wei, witte in soad minsken net."
It 'trackingteam' fan de SKS siket fersterking. Hasto kennis fan de sylsport en liket it dy aardich in bydrage te leverjen yn de Track & Trace? Nim dan kontakt op mei Steven van der Bles fia vanderbles@live.nl.
Track & Trace Skûtsjesilen ûnmisber systeem