Rommel op A7 by Fryske Peallen lang om let opromme

It opromjen fan de A7 is lang om let úteinset © Noordernieuws
De op- en ôfritten fan de A7 by Fryske Peallen binne opromme. Earder dizze wike waarden stikken fan de dyk ôfsletten, omdat der ôffal dumpt wie.
Tusken de rommel siet mooglik asbest, dus it oprêden fan it guod moast foarsichtich dien wurde. De dyk gie oan de ein fan de middei wer iepen.
It duorre yn earste ynstânsje in skoft foardat de rommel opromme wurde koe, om't der gjin oannimmer fûn waard dy't de put oannimme woe.