It libbensferhaal fan Sytze Faber: "Gjin dwersbongel, mar in ûnôfhinklik tinker"

Sytze Faber yn syn berteplak Skettens © Omrop Fryslân, René Koster
Sytze Faber springt op as er de fraach krijt oft er net wat in dwersbongel yn de polityk wie. "Ho, ho wachtsje eefkes. Sa sit it net! Ik ha altyd in ûnôfhinklik tinker west."
En dat is er noch, "no't ik noch alle wiken in kollum skriuw yn it Friesch Dagblad. Ek doe't ik Twadde Keamerlid wie, ha ik altyd selsstannich en ûnôfhinklik wêze wollen. Dat wie net altyd maklik, mar dat is hoe't ik bin. Yn al myn funksjes ha ik altyd mysels west."
Ald-politikus, -haadredakteur, -boargemaster en -bestjoerskundige by de Fryske Akademy Sytze Faber (1937) fertelt yn Buro de Vries syn libbensferhaal. Dêrfoar gie it Buro mei him werom nei syn bertedoarp Skettens.
It libbensferhaal fan Sytze Faber yn Buro de Vries
Faber syn âlders en suster lizze dêr begroeven en ek in omke dêr't Faber nei neamd is. Dizze omke Sytze wie in échte AR-man, skoalmaster en ek jierrenlang deputearre yn Fryslân.
"Troch him wie polityk altyd tichtby", is Faber syn oantinken oan him. Dochs ferhûze hy mei syn âlders al op jonge leeftiid nei Wieringerwerf dêr't heit in baan krige as 'steatsboer' yn de Wieringermarpolder.
"Melken ha 'k noait leard. Dêr hie ik gjin nocht oan", fertelt Faber, dy't fia de ULO en de HBS op de Vrije Universiteit yn Amsterdam bedarre, dêr't er politikology studearre.

Kristenradikalen

Dêrnei kaam Faber werom nei Fryslân, om't er as bestjoerskundige oan it wurk by de Fryske Akademy. Doe't er mei syn frou nei Hurdegaryp ferhûze, kaam er al gau yn de gemeenteried. Hy fielde him polityk it measte thús op de linkerflank en fielde him ûnder mear thús by de kristenradikalen.
It libbensferhaal fan Sytze Faber
It kaam dan ek folslein ûnferwachte dat Hendrik Algra, rjochts-tinker en haadredakteur fan it Friesch Dagblad, him frege om wykliks in kollum foar syn krante te skriuwen. Dat wie in drokke perioade, om't Faber doe ek mei syn promoasje-ûndersyk dwaande wie en keazen waard yn de Twadde Keamer.
It ûnôfhinklik tinken wie altyd wichtiger as de partij- of fraksjedissipline. Kom dêr no ris om!
Sytze Faber
Yn de CDA-fraksje hearde Faber, mei in tal oaren, ta in krityske minderheid dy't geregeld fan him hearre liet. Benammen yn de tiid fan it al of net pleatsen fan krúsraketten yn Nederlân, kaam dat in soad yn de publisiteit.
As Faber dêrop weromsjocht, hat er dêr gjin spyt fan. "Wy folgen ús gewisse. It ûnôfhinklik tinken wie altyd wichtiger as de partij- of fraksjedissipline. Kom dêr no ris om! It is allegear 'koekoek eenzang'."
Kandidaten wurde neffens Faber hjoed-de-dei troch de politike partijen benammen selektearre op folchsumheid. "Om't men gjin dwersbongelerij wol. Ienheid fan belied giet boppe alles, mei as gefolch dat fan de échte funksje - it kontrolearjen fan belied - neat telâne komt."

Utfiering rint oeral stomp

Dat is de oarsaak dat der ek kwalik wat fan 'e grûn komt, is Faber fan betinken. "De útfiering fan belied rint oeral stomp. By de IND, de stikstof en neam mar op. It duorret wol 20 jier foar't men de ko ris by de hoarnen pakt!"
It kiezen fan in eigen posysje, lykas by de pleatsing fan krúsraketten, hie foar Faber geregeld ferfelende reaksjes ta gefolch. "Myn frou krige thús yn Hurdegaryp wol rare telefoantsjes en ik bin ek ris slim yntimidearre troch immen dy't sei wol te witten wêr't ús soan nei skoalle gie en hokker rûte oft hy altyd fytste. Yn in bepaalde bocht soene se him dearide, sa waard steld."
Ik bin echt benaud dat we in werhelling krije fan wat der yn de jierren '30 bard is. Dat ultrarjochts de macht kriget.
Sytze Faber
Troch tuskenkomst fan Hendrik Algra, dy't yn rjochtse CDA-fermiddens is soad gesach hie, is de yntimidaasje doe opholden. "Mar ik woe mar sizze dat dit dus net wat fan de lêste tiid is", stelt Faber.
"Doe wiene der ek al polarisaasje en yntimidaasje, al kaam dat minder nei bûten. Sa't it no giet, bin ik der trouwens net gerêst op. Ik bin echt benaud dat we in werhelling krije fan wat der yn de jierren '30 bard is. Dat ultrarjochts de macht kriget."
Fierder sjocht Faber yn it petear yn Buro de Vries noch werom op it akkefytsje dat er belibbe mei kollega-boargemaster Bert Smallenboek fan Smellingerlân. It koste Smallenbroek sels syn karriêre. It giet ek noch oer in bysûnder kado dat Faber as foarsitter fan it skaakbûn krige yn in Russyske dielrepublyk: in echt hynder!
'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen wurde sneins om 12.00 oere op de radio ferteld. It folsleine petear is ek as podcast werom te harkjen yn dyn podcastapp.