Advendo Snits wrâldkampioen marsparade op WMC yn Kerkrade

Advendo Snits © Advendo Snits
Drum- en showfanfare Advendo út Snits hat sneon op it wrâldmuzykkonkoers in wrâldtitel wûn. Se kamen út yn de kategory 'marsparade'. De Snitsers hiene 92,54 punten en dat wie goed foar de oerwinning op it kampioenskip yn Kerkrade.
Showband Takostu út Stiens kaam dêr flak achteroan. Mei 90,54 punten waarden se twadde yn deselde kategory.
Op de blaasmuzykwedstriden yn Kerkrade spylje sawat 15.000 muzikanten fan fanfares en marsorkesten. It Pasveerkorps út Ljouwert is as fiifde einige yn de Show Championship Division.