FIDEO: Tsjerketsjinst út de Martinitsjerke fan Easterein wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Yn july wurde de tsjinsten op ferskillende plakken fierd. Dizze snein is dat yn de Martinitsjerke fan Easterein.
Foargonger is dûmny Anna Marike Dijkstra-van der Woude. Der is muzikale meiwurking fan Kwartettekoar, ûnder lieding fan Feike van Tuinen. Balt de Vries spilet op it oargel.
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.