Skûtsje Grou wint op thúswetter by iepening SKS-kampioenskip

It skûtsje fan Grou © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It doarp Grou mei skipper Douwe Visser hat de earste wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022 wûn. Op it eigen thúswetter bleaunen sy Earnewâld mei Gerhard Pietersma krekt foar.
It skûtsje fan Grou mei Douwe Visser kaam it bêste út de start. De Grousters makken in moaie slach en gienen ûnbedrige om de earste tonne.

Griene flagge Drachten

By dy tonne ûntstie argewaasje tusken de skûtsjes fan De Lemmer en Drachten. De Drachtsters mei skipper Jeroen Pietersma lieten De Lemsters net foar gean en dat hie wol moatten. Drachten hie troch dat it in flater makke hie en hyste de griene flagge. Dêrmei krige Drachten trije ekstra wedstriidpunten tawiisd.
Gerhard Pietersma fan Earnewâld koe profitearje en skode op nei it twadde plak. Ek Ljouwert mei Willem Zwaga makke in moaie slach en kaam foaryn it fjild terjochte.

Wedstriidfjild op 'e kop

Grou lei ûndertusken fier foaroan, folge troch Earnewâld en Drachten, mar dêrefter gie it hiele wedstriidfjild op 'e kop. Ljouwert en It Hearrenfean moasten plakken belies jaan, wylst De Heale Moanne, Snits en Wâldsein nei foaren ta skoden.
In gearfetting fan de earste wedstriid fan it SKS-kampioenskip by Grou
Yn it lêste part fan de wedstriid kaam Earnewâld hieltyd tichter yn de buert fan Grou. It skûtsje fan skipper Douwe Visser gie hieltyd ferdigenjender silen om Earnewâld fan him ôf te hâlden.
Dat die fertuten. Grou kaam as earste oer de einstreek en sa wie it in prima begjin foar de winner fan de lêste trije kampioenskippen. Earnewâld finishste as twadde en De Lemmer as tredde.
In protest tusken De Jouwer en de Súdwesthoeke en oarsom en in protest tusken De Jouwer en Wâldsein wurdt op basis fan telefyzjebylden moandei ôfhannele.
Update: it protest fan de Súdwesthoeke tsjin De Jouwer is tawiisd: De Jouwer krijt 14 punten. It protest fan De Jouwer tsjin Wâldsein is net tawiisd, dat hat dus gjin gefolgen foar Wâldsein. De sjuery hat gebrûk makke fan Track & Trace, om't de kamerabylden net brûkber wiene. Track & Trace mei eins net brûkt wurde, mar yn oerlis mei de belutsen skippers is dêr wol ta besletten.
Moandei wurdt der ek wer syld. Dan is de wedstriid by De Feanhoop.

De útslach fan de silerij by Grou (ûnder foarbehâld fan protesten)

Nûmer Skûtsje Skipper Punten
1 Doarp Grou Douwe Visser 0,9
2 Twee Gebroeders (Earnewâld) Gerhard Pietersma 2
3 Lemster skûtsje Albert Visser 3
4 Twee Gebroeders (Drachten) Jeroen Pietersma 4 (+3)
5 De Sneker Pan Jappie Visser 5
6 Klaas van der Meulen (Wâldsein) Klaas van der Meulen 6
7 It Doarp Huzum Johannes Meeter 7
8 d'Halve Maen (Drachten) Klaas Westerdijk 8
9 Rienk Ulbesz (Ljouwert) Willem Zwaga 9
10 Gerben van Manen (It Hearrenfean) Sytze Brouwer 10
11 Oeral Thús (De Jouwer) Rinus de Jong 11
12 Eildert Sietez (Akkrum) Pieter Meeter 12
13 De Jonge Jan (Langwar) Harmen Brouwer 13
14 Súdwesthoek (Starum) Auke de Groot 14