Unike fynst: dûker út 1729 fûn fan eardere state Grut Terherne

De opgravingen by Grut Terherne © Omrop Fryslan, Esther Leystra
In ferrassende ûntdekking op it terrein fan de eardere state Grut Terherne tusken Bitgum en Bitgummôle. By wurksumheden fertroude de kraanmasinist it grutte tal stiennen yn de grûn net. By tafal waard in iuwenâlde dûker ûntdutsen.
De dûker tsjinne eartiids as wetterferbining tusken twa fivers. Hy is ûnderdiel fan in grutte tún by Grut Terherne. Neffens lânskipsûntwerper Ilse van Zuilen stamt de dûker nei alle gedachten út 1729.
"Ik weet niet hoe bijzonder het is voor andere mensen, maar voor ons is het heel speciaal. Wij hebben alleen maar tekeningen gezien van hoe de tuin er vroeger uit zag. Dit zijn de eerste stenen die we in het echt zien."
Unike fynst: dûker út 1729 fûn op terrein eardere state Grut Terherne

'Yn it plan no ek romte foar de dûker'

It plattelânsgebiet tusken Bitgum en Bitgummole wurdt op 'e nij ûntwikkele om beide doarpen 'mei-inoar te ferbinen' troch in doarpstún.
"Het wordt een soort ontmoetingsplek. Mensen kunnen in de parkachtige omgeving sporten, wandelen en samen eten. De natuur en de mensen, maar ook der herkomst van ons voedsel staat centraal in deze dorpstuin", seit Van Zuilen.
De opgraving by Grut Terherne © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Der wurde paden en ekstra sleatten oanlein en de fiver wurdt fierder útgroeven. Sa wurdt it lânbouperseel lytser en ûntstiet in grutter gebiet foar oare doelen.
Yn it plan is no ek romte makke foar de âlde wettertrochgong: "We gaan de duiker gebruiken in het plan. Als waardevol object kan hij mooi in de waterpartij worden verwerkt. Zo blijft hij voor iedereen zichtbaar."