Nei 65 jier gjin fierljephuldiging mear yn kafee Winsum

De fierljepskâns yn Winsum © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De huldiging fan it FK fierljeppen yn Winsum is dit jier net yn it kafee, mar by de fierljepskâns. 65 jier lang wie it feest altyd yn de boppeseal fan it kafee. Oan dy tradysje komt no in ein.
De fierljepferiening moast twa jier lyn út need de huldiging by de skâns hâlde, om't de kafees net iepen wiene fanwege corona. Dat foldocht de klup goed.
"Wy hawwe in band hierd en hjir op de skâns it feest hâlden. En wy hawwe jild fertsjinne," seit foarsitter Anna Martha van der Mei.
It FK smyt foar de feriening neat op. "Earlik is earlik, it FK wie altyd in geweldich feest, ek yn de kroech, mar wy fertsjinnen der net oan."

Catering yn eigen hannen

De feriening hat de catering no yn eigen hannen en dat is finansjeel foardielich. "It die bliken dat wy in hiel protte minsken mei hoareka-ûnderfining yn de feriening hawwe."
Minsken hoege no net nei in oare lokaasje foar it feest. Dêrtroch bliuwe folle mear minsken hingjen nei de wedstriid.
Van der Mei: "Der wiene altyd minsken dy't foar de gesellichheid kamen. Sy woene wat langer bliuwe. Dat koe net, want it feest gie fierder yn de kroech. Mar dat wie mear in ljeppersfeest. Minsken dy't der wat minder mei hiene, giene net nei binnen."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Yn 1957 wie de earste huldiging yn de boppeseal fan it kafee. Nei de priisútrikking is der elk jier grut feest.

Oare kar

De feriening begrypt dat it foar it kafee spitich is, mar moat ek nei de takomst sjen. "Wy hawwe meardere kearen mei de útbater kontakt hân om plannen te meitsjen. Mar doe kaam corona en wiene we twongen it oars oan te pakken", seit van der Mei.
De útbater fan it kafee wol gjin kommentaar jaan.
In stikje histoarje giet dêrmei ferlern. "Wy kinne net hieltyd mar trochgean mei yn it ferline libje. Yn it ferline wiene hjir hast gjin ljeppers en wie de sport ûndergeskikt. Wy gean foar de sport, foar safolle mooglik ljeppers, foar goede trainingen en goede resultaten. Dat betsjut dat we in oare kar meitsje moatte."
It FK fierljeppen yn Winsum is op sneon 20 augustus.