Rappe yn dyn eigen streektaal: foar de ien makliker as de oar

Yn it projekt 'Wordspøken' gean fyftjin rappers út Noard- en East-Nederlân oan 'e slach mei de eigen streektaal. Wat dat opsmyt, is te sjen yn de FryslânDOK 'Rap út 'e regio' fan Herman Zeilstra.
FryslânDOK 'Rap uit de regio'
- Sneon 30 july op NPO2 om 15.30 oere (werhelling 31 july 13.10 oere)
- Snein 31 july op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Under lieding fan it Popfabryk yn Ljouwert meitsje de rappers in mikstape mei tweintich tracks. Se krije help fan Bart van de Werken, produsint fan Opgezwolle en Typhoon.
De 'Proeftuin Meertaligheid', in inisjatyf fan fiif provinsjes, stipet de rappers en producers. It ferskaat oan taal en kultuer yn 'e regio fertsjinnet mear, fine de provinsjes. De oandacht en it jild geane no foaral nei projekten yn 'e Rânestêd.
Alexander Moto © Omrop Fryslân
Sjoerd Vriesema, kreatyf manager by it Popfabryk, besiket de rappers de streektaal te ûntlokjen.
Alexander Moto, de rappersnamme fan Thom Boonstra út Súdwest Fryslân, docht dat sûnder problemen. Hy fielt him der wol thús by.
Sjongeres Arie (Anna Roos Jelsma) út Ljouwert hat wol wat mei de mentaliteit fan har stêd: "Het schaamteloos tokkie-zijn." Dochs fynt se it dreech om mei it 'Liwwadders' djippe gefoelens te ferwurdzjen.
Arie (Anna Roos Jelsma) © Omrop Fryslân
Oare rappers yn 'e film binne Amaro (Amaro Borges), Zowo (Jesse Klein Entink), Paypie (Pepijn Willemsen) en JpegJoey (Joey Luiting).
Heechlearaar Goffe Jensma is de kertiermakker fan de 'Proeftuin Meertaligheid'. Hy sjocht mei arguseagen nei de strieminne posysje fan kultuer yn 'e provinsje, fergelike mei de Rânestêd. Jensma: "Der is gjin sprake fan dat hjir minder kwaliteit is."
Zowo (Jesse Klein Entink) © Omrop Fryslân