Buma: 'Blokkades kinne echt net, mar boeren moatte wol in takomst hawwe'

Sybrand Buma, hjir op argyfbyld © Omrop Fryslân
"It beletten fan ferkear op de A7 en op oare diken kin echt net. It is libbensgefaarlik. Dat moatte se net dwaan. Mar der moat wol oer praat wurde, want we moatte in takomst hawwe foar ús boeren yn de provinsje." Dat sei boargemaster Buma fan Ljouwert freed oer de stikstofprotesten.
It is foar it earst nei syn fakânsje dat de boargemaster him útsprekt oer de protesten. Buma wie freed oanwêzich by de lotting foar it SKS-skûtsjesilen yn Grou. Hy wie spesjaal foar it skûtsjesilen weromkaam, ek omdat it de earste kear is dat er dit meimeitsje kin as boargemaster fan de gemeente Ljouwert dêr't Grou diel fan útmakket.
As haad Feilichheidsregio krige Buma op syn fakânsje alles mei oer de stikstofprotesten. Hy hâlde him der ek mei dwaande as boargemaster, sei er. "Ik sjoch emoasjes dy't ik goed begripe kin, want der bart nochal wat." Mar it ferkear behinderje sa't dat no bard is, kin echt net, sa is Buma fan betinken.