Oane Galama ljept it fierst by Feestwike Bûtenpost, Kramer bêste by de froulju

Ysbrand Galama © Martin de Jong Fotografie
De tradisjonele Feestwikewedstriid by it fierljeppen yn Bûtenpost is freedtejûn wûn troch Oane Galama fan Hilaard. Hy sprong yn de finale 20,62 meter. By de froulju wie Tessa Kramer fan Amersfoort it bêste mei in sprong fan 15,86 meter.
By de manlju gie de twadde priis nei Ysbrand Galama fan Warkum mei 20,45 meter. Hy nimt wol de lieding yn it klassemint oer fan syn broer. Sytse Bokma fan Warkum waard tredde mei 19,17 meter.
Sigrid Bokma fan Hylpen waard mei 15,05 twadde by de froulju. De 14,16 meter fan Pytrix Westra fan Burgum wie yn dy kategory genôch foar it brûns.
Galama's it fierst yn B'post, Kramer bêste by de froulju
De earste priis by de junioaren wie foar Germ Terpstra fan Tsjom mei in sprong fan 17,96 meter.

Lefferts skittert op thúsbarte

By de jonges gie de oerwinning nei thúsljepper Erwin Lefferts yn in nij persoanlik rekôr fan 17,35 meter. De Bûtenposter sette dit seizoen noch útein mei in PR fan 14.95 meter. Dat wist hy yntusken al seis kear te ferbetterjen. Yn de foarronde kaam hy ta 16.79, en yn de finale dus foar it earst oer de 17 meter.
By de famkes wie Hanneke Westert fan Snits de bêste mei 14,46 meter.
No't it seizoen aardich ûnderweis is wurdt ek it klassemint hieltyd wichtiger. It klassemint is de optelsom fan de sân bêste wedstriden fan it seizoen. Ysbrand Galama is Frysk rekôrhâlder mei 144,30 meter. Dat is gemiddeld 20,61 de sprong.
Hanneke Westert is sûnt ferline jier hâldster fan it klassemintsrekôr by de famkes. Dat is sawol in Frysk as in Nederlânsk rekôr. Sy kin har eigen rekôr ferbetterje troch fierder as 15,37 meter te ljeppen yn de kommende wedstriden.
Wisse Broekstra is yn de race om it Frysk klassemintsrekôr foar junioren te ferbetterjen. As hy 18,63 meter of mear ljept giet hy it âlde rekôr fan Sytse Bokma út 2015 foarby.

De Fryske klassemintsrekôrs

Kategory Ljepper Ofstân Jier
Manju Ysbrand Galama 144,30 meter 2020 FR
Froulju Marrit van der Wal 114,77 meter 2019 NR/FR
Junioaren Sytse Bokma 135,20 meter 2015 FR
Jonges Wisse Broekstra 126,50 meter 2020 FR
Famkes Hanneke Westert 106,08 meter 2021 NR/FR