IM sil ferkearskamera's brûke by gefaarlike boere-aksjes

Rommel op 'e dyk by Fryske Peallen © Omrop Fryslân, Maarten Bruining
De plysje en it Iepenbier Ministearje sille de bylden fan de sneldykkamera's fan Rykswettersteat brûke foar ûndersyk nei slimme strafbere feiten dy't de ferkearsfeiligens yn gefaar bringe.
"Zoals onlangs de acties en demonstraties op snelwegen", meldt it IM East-Nederlân freed.
De ôfrûne dagen wiene by boere-aksjes meardere ynsidinten op de diken. Sa wiene de op- en ôfritten op de A7 by Fryske Peallen lange tiid ticht. Dat kaam troch ôffal op de dyk. Dêrtroch barde der earder ek in ûngelok. Ek op in tarit nei de A32 by Meppel-Noard soarge it foar in ûngelok. In auto rekke dêrtroch total loss.

Bylden net opslein

De rop om it brûken fan de sneldykkamera's klonk dêrtroch hieltyd hurder, Rykswettersteat melde lykwols earder dat de bylden net opslein waarden.
It IM East-Nederlân meldt no dat it yn gearwurking tusken de plysje en Rykswettersteat "thans mogelijk is gemaakt" bylden feilich te stellen. "Deze beelden kunnen (achteraf) gebruikt worden voor de vaststelling van strafbare feiten en de opsporing daarvan."
It is ûnbekend hoe't it no dochs mooglik makke is om de bylden te brûken.
De plysje hat yn in oprop minsken frege om bylden fan de boere-aksjes mei de plysje te dielen:
De plysje docht in oprop foar bylden fan de boere-aksjes