'Simmer yn Fryslân' yn Sonnegea en Aldetrine
Simmer yn Sonnegea en Aldetrine
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we freed yn Sonnegea en Aldetrine. Bussefan Thijs van de Bles lit ferslachjouwer Geert van Tuinen sjen watfoar moais oft er sammele hat.
Yn it busmuseum fan Sonnegea kinst 32 bussen besjen, mei yn histoarje dy't werom giet oant 1954. Van de Bles wie sels bussjauffeur en hat syn passy nei it ophâlden net opjûn. Fram, Gado, GVB en noch folle mear; yn Sonnegea kinst it fine.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Moandei 1 augustus is Omrop Fryslân yn Minnertsgea. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.