Apotekers hawwe te lijen fan lilke klanten oan de baalje: "Lontjes zijn korter"

In lilke klant by de apoteek © Shutterstock.com (Slatan)
Lanlik krijt trijekwart fan de assistinten alle dagen wol in lilke klant oan de baalje. De Friese Apothekers Organisatie seit dat it yn ferliking yn it Noarden noch tafalt, mar erkent wol dat de lontsjes koarter wurden binne.
De agresje komt nei foarren út in peiling fan apotekersorganisaasje KNMP en de NOS ûnder 850 apotekers. Goed 40 persint fan de assistinten hat alle wiken te lijen fan ferbale en fysike agresje. En hast 20 persint merkt it alle dagen.
Neffens it KNMP is it in lanlik probleem, want foar 60 persint is it de wichtichste reden om op te hâlden mei it wurk. Der is in tekoart oan apotekersassistinten en in hege útstream fan jonge wurknimmers.
Renetta Fransens hat sels in apoteek yn Snits en is fan de Friese Apothekers Organisatie. "Dat is nogal wat", seit sy oer de sifers. "Naar mijn idee is het in het Noorden van het land toch iets minder, maar we hebben er wel mee te maken."

Wanhoop en ûnbegryp

Minsken binne faak lilk om't har medisinen net op foarried binne. Dat driuwt minsken ta wanhoop en dat ûnbegryp wurdt ôfreagearre. Soarchfersekerders fergoedzje meastentiids allinne it goedkeapste alternatyf. De apotekers moatte it minne nijs oan de klant fertelle.
Renetta Fransens © Friese Apothekers Organisatie (FAO)
Wat dat oanbelanget stiet de apoteek yn de frontliny, seit Fransens. "Je kunt de mensen ook niet altijd tevreden houden. Het is een kwestie van duidelijk uitleggen wat de regels zijn en hoe het zit."

Lontsjes koarter sûnt corona

"We merken sinds de coronapandemie wel dat de lontjes wat korter zijn geworden", fertelt Fransens. "Af en toe reageren mensen korter door de bocht, ze hebben minder geduld met zaken. Ze gaan vooral verbaal de discussie aan."
As minsken echt lilk wurde, dan prate sy hurder of begjinne sels te driigjen. "Dat zijn uitzonderlijke gevallen, maar het komt voor."
Guon apotekers hawwe it gefoel mear en mear de regels fan de soarchfersekerders útlizze te moatten as se foarljochting jouwe oer medisinen.

Tekoarten oan medisinen

Dêrnjonken is de trochsneed apoteker ek sa'n 17 oeren de wike dwaande om tekoarten oan medisinen op te lossen. Foar it tredde jier op 'e rige binne der ferline jier mear as tûzen genêsmiddeltekoarten registrearre.
Ze zeggen: kun je het niet even aan een buurman vragen? Maar als iets al drie maanden niet leverbaar is, dan hebben de buren ook niets meer.
Renetta Fransens fan de Friese Apothekers Organisatie
Minsken begripe it somtiden muoilik as medisinen der net binne, jout sy oan. "Ze zeggen: kun je het niet even aan een buurman vragen? Maar als iets al drie maanden niet leverbaar is, dan hebben de buren ook niets meer. Dan moet je ze toch geruststellen en zeggen dat je een goed alternatief hebt. Je doet je best."

Ungerêstens

Fransens besiket it wol yn perspektyf te sjen. "Ik moet zeggen: vaak zijn mensen ongerust. Ze hebben een ziekte en komen niet voor niets in de apotheek."
Kommunikaasje is wichtich om de druk fan de tsjettel te heljen, yn sa'n gefal. "Als de assistenten er niet uitkomen, wordt de apotheker erbij geroepen. Dan nemen wij het gesprek over en in overleg met de arts komen we er wel uit."