Femke Wiersma (BBB): dumping 'ûnakseptabel', bedriging Van der Plas 'earnstich'

Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging © Omrop Fryslân
"Dit is absolút net de bedoeling", seit Femke Wiersma as nûmer twa fan de BoerBurgerBeweging oer de dumpaksjes op de sneldyk. De partij sjocht de rankune yn de mienskip tanimmen, foarfrou Caroline van der Plas wurdt bedrige.
"Wy steane net efter dy aksjes op de sneldyk. Wy feroardielje dat ek, want je bringe der boargers moedwillich mei yn gefaar", sa stelt Wiersma. "Dat mei echt net sa wêze. Ik haw foto's sjoen fan in auto wêrby't je fan gelok sprekke meie dat de bestjoerder noch yn libben is."
De situaasje moat neffens har net folle slimmer wurde. "Want as it echt ferkeard giet, dan draacht dat net by oan it draachflak en de byldfoarming." Dat protestaksjes oare lju yn gefaar bringe, fynt de partij ûnakseptabel.
Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging
Nettsjinsteande de dumpingen tinkt Wiersma wol dat in grut part fan de minsken de boeren stypjen bliuwt yn de wjerstân tsjin it stikstofbelied. "Minsken steane net efter ditsoarte aksjes, mar ik tink dat der by in grutte groep fan de befolking in soad ûnfrede libbet."
It is in gefoel dat de oerheid har yn de steek litten hat, seit Wiersma. "Je sjogge it by de berne-opfang, je sjogge it by Grinslân en by de boeren."

"Hiel earnstige kwestje"

Tongersdei makke Caroline van der Plas bekend de kommende tiid de media net mear te wurd te stean. Sy wurdt bedrige, sei de foarfrou fan BBB. Sy krige al langer haatberjochten, mar dy soene no 'in hevige mate' tanimme.
"It is in hiel earnstige kwestje", seit Femke Wiersma. Fierder wol sy net op de bedrigingen yngean. "Wy hawwe ôfpraat om der net apart wat oer te sizzen. Mar it is fansels hartstikke slim."
Femke Wiersma en Caroline van der Plas © ANP
Van der Plas seit meardere berjochten yn de wike te krijen en har net feilich te fielen. De BBB-foarfrou hat oanjûn yn kontakt te stean mei de befeiliging fan de Twadde Keamer.
Dêrom hat sy alle publike optredens en wurkbesiten ôfsein. "De anti-boerlobby of de anti-BBB-lobby draait op volle toeren. De haatberichten nemen in hevige mate toe en ook doodsbedreigingen komen nu binnen", sei Van der Plas.