Undersikers lizze it ferline fan de Ljouwerter terp Nijehou bleat

Histoarikus Henk Oly yn it âlde Ljouwert © Omrop Fryslân
In histoarikus en in houtûndersiker besykje it ferhaal te fertellen fan Nijehou, ien fan de âlde terpen ûnder Ljouwert. It publyk wurdt meinaam yn de syktocht nei de midsiuwske spoaren fan de stêd.
It giet om it keunstprojekt De Baren, dat ûnder it programma fan Arcadia falt. Fan tongersdei oant en mei sneon is elts wolkom om it ûndersyk nei sân alde huzen op de terp te besjen yn de Waalske Tsjerke yn Ljouwert.
Der is ûndersyk dien nei de iuwenâlde huzen op de heechste terp fan Ljouwert
Nijehou wie de heechste fan de trije terpen wêrop't de stêd Ljouwert ûntstien is, doe't it noch oan de Middelsee lei. Dy terpen wiene Nijehou, Aldehou en Minnema.
"Foardat der diken boud waarden, oerstreamde it gebiet geregeld. De bewenners bouden dêrom terpkes foar har húshâldingen, dy't mei de tiid ophege en útwreide waarden. Op termyn groeiden dy terpkes oan inoar ta ien grutte terp", fertelt histoarikus Henk Oly.
In 16e-iuwske kaart fan it âlde stik fan Ljouwert © leeuwardenopdekaart.nl
"We hebben fenomenale ontdekkingen gedaan", seit houtûndersiker Paul Borghaerts. "Om te beginnen hebben we een ankerbalkgebint gevonden. De eigenaar had de vloer opengemaakt en vond een interessant stuk hout. We ontdekten dat de houtconstructie uit de periode rond 1480 kwam."

Midsiuwsk hout út 1472

Dat wie de oanlieding om net allinne ûndersyk yn de terp te dwaan, mar ek yn de huzen der boppe-op. "We vonden zelfs een pand met een constructie uit 1472, nog eens ouder. Dat is heel bijzonder."
Henk Oly wennet sels yn de omjouwing fan de Grote Kerkstraat en de Kleine Hoogstraat. "Dit wie ien fan de wichtichste hoekjes fan Ljouwert. De Tsjerkstrjitten binne nei alle gedachten de âldste strjitten fan Ljouwert. Wy wolle graach witte wa't hjir no wennen en hoe't de bebouwing ûntstien is."
Houtûndersiker Paul Borghaerts © Omrop Fryslân
Paul Borghaerts hâldt him dwaande mei 'dendrochronology', it datearjen fan hout. "Uit hout komt veel informatie. Je kunt ermee dateren, je weet dat hout na één of twee jaar na de kap gebruikt is in een constructie."

Ynsjoch en behâld

Al it ûndersyk moat neffens Borghaerts benammen ynsjoch opsmite. "Dat je met elkaar weet wat je eigenlijk bezit: dat hier in de Grote Kerkstraat nog restanten staan van ongelooflijk oude panden. Het is waarschijnlijk de eerste bebouwing van Leeuwarden die is blijven staan. Voor die tijd zullen er wel wat hutjes zijn geweest, dat weten we niet precies."
Dat soarget tagelyk ek dat minsken ree binne om it ferline te omearmjen. "Kennis leidt er ook toe dat mensen voorzichtiger met het erfgoed omgaan", leit Borghaerts út. "Zo zorg je ook voor behoud."
In houtstaal, út in balke wei helle © Omrop Fryslân
Dêrfoar moat er wol in gatsje boarje yn de houten balken fan in gebou, mei in soarte apelboar. Sa bliuwt der in stôkje oer. "Om hout te dateren heb je boorstalen nodig. Of houtschijven, maar die kun je natuurlijk niet uit een constructie zagen. De stalen kan ik prepareren en dateren."
Borghaerts rûkt oan ien fan de houtstalen dy't er naam hat. "Dit is echt heel oud eiken, minimaal zestiende-eeuws, maar waarschijnlijk uit de eerste helft ook. Ik kan alleen zeggen dat dit Duits eiken zal zijn, dat zie ik aan het jaarringenpatroon. Vermoedelijk uit Westfalen of de Elbe."
Houtûndersiker Paul Borghaerts hellet in staal út in balke wei © Omrop Fryslân
Borghaerts fynt it geweldich wurk, om't it in kombinaasje fan wurk mei de hân en mei de holle is. "Je voelt aan het hout, of het sterk is en ik het kan boren. Maar in mijn werkplaats doe ik daarna allerlei wiskunde, voor de datering."
De ûndersiker kin weromfine wêr't it hout wei kaam, oft yn bepaalde huzen itselde hout brûkt is en oft hout yn bepaalde perioaden of út bepaalde gebieten faker brûkt is.

Bou- en bewenningsskiednis

Njonken eardere archeologyske opgravingen en in foto-eksposysje fan portretten fan alle bewenners, fertelle Borghaerts en Oly de kommende dagen oer de bou- en bewenningsskiednis.
It Arcadia-keunstprojekt De Baren © Omrop Fryslân
Oly hat benammen ûndersyk dien yn keapakten, belestingregisters en ynventarisaasjes fan it besit fan minsken. "Elts servet, eltse stoel en elts dûbeltsje waard opskreaun. It binne somtiden lange listen. In prachtich ynsjoch yn hoe't dy minsken libben. It jout ús in byld fan dy tiid."
Henk Oly yn de binnenstêd fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Guon hiene in goudlearbehang, of wol 300 servetten en 50 tafelkleden. "Dat wiene statussymboalen. Je koene dêrmei sjen litte hoe ryk oft je wiene."

De elite en de gewoane man

Mar it ûndersik toant net allinne de elite. "Skiednis giet faak oer wichtige minsken, lykas stêdhâlders en keningen. Mar de gewoane minsken wurde in bytsje oerslein. Wylst hjir ek gewoane minsken nei boppen komme, mei har gewoane problemen."
Wat dat oanbelanget is de ûntwikkeling fan gebiet fan Nijehou nijsgjirrich foar Oly. "Yn de 15e en earste helte fan de 16e iuw stiene hjir simpele húskes, mar de minsken waarden hieltyd riker. Der wennen lju mei wichtige funksjes, mar tagelyk ek in bakker. De minsken wennen echt trochinoar. Dat fyn ik sels fassinearjend."