Hoefier mei it boereprotest gean? "Op zeker moment openbare orde herstellen"

No't de boere-aksjes in hieltyd grimmitiger karakter krije, wurdt de rop om yngripen ek hieltyd lûder. Rûnom wurdt erkend dat it demonstraasjerjocht in grut goed is yn ús lân. Fraach is lykwols wol hoefier oft ien gean mei.
In rûngong by juristen, rjochtsgelearden en oare kenners fan it demonstraasjerjocht del leart dat de boere-aksjes sa stadichoan harren ûnskuld ferlern hawwe. Kinne de trekkeroptochten, omkearde flaggen en wapperjende bûsdoeken noch as ludike en akseptabele provokaasjes opfette wurde, de dykblokkades en brânende heapakken binne dat net.
Lanlik plysjesjef Willem Woelders hat sein dat in diel fan de boeren radikalisearre is en mei harren resinte aksjes jierrenlange selstraffen riskearje. De Hearrenfeanske advokaat Robert Snorn set ek fraachtekens by de aksjes fan no. Dy gean te fier, seit er. "Er wordt een grens overschreden."
Mei kamerabylden dieders achterhelje
Snorn stie ôfrûne moanne de 16-jierrige boerensoan Jouke by, neidat dy by in protestaksje op It Hearrenfean besketten waard troch in plysjeman. Dy saak is seponearre. Nei de aksjes fan de ôfrune dagen is de kâns grut dat it ta nije rjochtssaken komt tusken boeren en de oerheidsynstânsjes.
De plysje besiket op dit stuit mei help fan kamerabylden de dieders te achterheljen. Der binne noch gjin arrestaasjes dien, mar dat liket in kwestje fan tiid. Snorn seit lykwols dat hy noch gjin nije oanfragen fan boeren foar rjochtsbystân krigen hat.

Fraach is hoefier oft de boeren gean meie. Fansels, demonstrearje is in grûnrjocht. Dat meldt ek de site openbareorde.nl. Mar de dielnimmende demonstranten moatte harren wol oan de regels hâlde. As demonstraten de boel blokkearje troch rommel op de dyk, is dat tsjin de Wegenverkeerswet.
Ut dat eachpunt wei lykje de aksjefierders dy't tongersdei blokkaden opsmieten op de A7 tusken Drachten en Grins, harren net oan de wet hâlden hawwen. Op de op- en ôfritten by Fryske Peallen binne tongersdeitemoarn betiid ferskate auto's op in dykblokkade riden.
Demonstranten binne net strafber as de demonstraasje in rûte folget dy't foarskreaun is troch de boargemaster, ek al hinderje se dêrby it ferkear. Mar boargemasters sille nea tastimming jaan foar fernielings.
It is net foar it earst dat boeren yn opstân komme tsjin it oerheidsbelied. Oft it no gie om de gefolgen fan Europeesk lânboubelied of om stikstof, lilke boeren wisten faker it lân te ûntregeljen.

Grutte fraach is oft de aksjes fan de boeren fan no noch wol ûnder it demonstraasjerjocht falle. Heechlearaar demonstraasjerjocht Berend Roorda fan de Ryksuniversiteit Grins is saakkundige op dit gebiet.
As in protestaksje net mear yn haadsaak in mienskiplike utering is fan in miening en as oare eleminten lykas twang oerhearskje, falt de protestaksje net mear ûnder it demonstraasjerjocht, sei Roorda begjin dizze moanne tsjin RTV Noord. De autoriteiten hawwe fan rjochtswege de mooglikheid om yn te gripen. Mar it is dreech om te bepalen wannear't it demonstraasjerjocht net mear jildt.
Hoelang noch prate?
In demonstraasje kin dus beëinige wurde as de feiligens fan minsken en ferkear yn it geding is.
"Blokkades hebben een heftige impact op de maatschappij en op een gegeven moment moet je de openbare orde herstellen", fynt prof. dr. Marie Rosenkrantz Lindegaard fan it Nederlands Studiecentrum voor Criminaliteit en Rechtshandhaving (NSCR).
Sy hat ûndersyk dien nei it delbêdzjen fan konflikten tusken demonstranten en de plysje. "De vraag is hoelang je kan blijven praten."

Neffens advokaat Snorn fan it Hearrenfean is it ophingjen fan flaggen of it oan de dyk setten fan oare protestuteringen net sa'n probleem. It wurdt wat oars as der blokkades binne en as der guod op de dyk lein deponearre wurdt, lykas no. "Daarmee wordt een grens overschreden. En het is ook zeker niet goed voor het imago van de boeren", seit er.
Snorn hat begrepen dat de boere-organisaasjes dêr ek net achterstean. Mar it is oan gemeenten of oare organisaasjes om te bepalen oft der yngrypt wurde moat, sa seit er.
Alle juristen en rechtsgeleerden binnen it deroer iens dat it de taak fan de plysje is om yn te gripen as de iepenbiere oarder yn it geding komt. It bliuwt lykwols de fraach wa't de plysje by ditsoarte protesten opdracht jout om yn aksje te kommen.