'Simmer yn Fryslân' rydt mei op it hynder yn Driezum-Wâlterswâld

'Simmer yn Fryslân' is yn Driezum-Wâlterswâld
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tongersdei yn Driezum-Wâlterswâld. Ferslachjouwer Geert van Tuinen krijt dêr in echte hynsterace te sjen.
De Hynstedagen sette útein yn Driezum-Wâlterswâld. Twa racers litte Geert sjen wat se yn de doarpen allegearre prestearje kinne mei hynders.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Freed 29 july is Omrop Fryslân yn Sonnegea-Aldetrine. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.