LTO Noord en FDF karre dumpaksjes ôf en binne benaud sympaty kwyt te reitsjen

Bestjoerslid Jan Teade Kooistra fan LTO Noord © Omrop Fryslân
Hoewol't it iene boerekollektyf radikaler is as it oar, karre Fryske fertsjintwurdigers it dumpen fan ôffal ôf. LTO Noord is benaud de sympaty kwyt te reitsjen, Farmers Defence Force neamt it 'net ferstannich.'
LTO Noord, de belangeferiening foar boeren en túnkers, wiist spesifike aksjes lykas dy fan it ôffal by Fryske Peallen ôf. Dêr is rommel op de op- en ôfrit by de A7 delsmiten.
"It dumpen fan rotsoai op de dyk, midden yn de nacht, is net ûngefaarlik. Dat moatte je net wolle", seit bestjoerslid Jan Teade Kooistra. "Dêr is gewoan gjin sympaty foar, je berikke earder it tsjinoerstelde."
Yn in demokrasy meie je gewoan aksjefiere en protestearje, dêr wiist er wol op. "Mar dit is folslein bûten de wet en net ûngefaarlik."
Bestjoerslid Jan Teade Kooistra fan LTO Noord
Farmers Defence Force is earder ree om de grinzen op de sykjen, seit Cees de Boer fan Bantegea oan.

Minder muoite mei ûnwettichheid

"Je kinne aksjefiere sa as je wolle. As dat net altyd binnen de wet is, dêr haw ik ek noch wat minder muoite mei. Ik tink wol dat wy de barrikaden op moatte, mar der binne wol bepaalde grinzen. Mar as je bewust yn it tsjuster dingen dogge dy't gefaarlike situaasjes opsmite, dan giet dat dy barrikaden foarby."
De minsken op de dyk dy't je lestich falle, feroarje it belied net. Wy hawwe de publike opiny mei, mar dy taant op sa'n wize wol wei.
Bestjoerslid Jan Teade Kooistra fan LTO Noord
Kooistra fan LTO hopet net dat de aksjes no it doel foarby sjitte. "De minsken op de dyk dy't je lestich falle, feroarje it belied net. Wy hawwe de publike opiny mei, mar dy taant op sa'n wize wol wei."

'Net ferstannich'

"As je sûnder oankundiging obstakels op de dyk smite, dêr kin him ien wol op stikken ride. Ik tink net dat soks ferstannich is", seit De Boer fan Farmers Defence Force. "It stoarten fan allerhanne guod, hielendal yn de jûnsoeren, dat kin fansels net."
Cees de Boer fan Farmers Defence Force
Likegoed Kooistra as De Boer witte net wa't der efter de aksjes sitte. "Dêr haw ik ek gjin sinjalen fan hân. Der binne mar in pear minsken nedich om in hiel soad rotsoai te meitsjen", jout Kooistra oan.
Cees de Boer fan Farmers Defence Force © Omrop Fryslân
De Boer hopet wol dat alle partijen dy't mei it stikstofprobleem te krijen hawwe, mei inoar om tafel komme. "Mar as der ien partij oan tafel sit mei de hannen op de rêch, dan tink ik net dat der op dit momint in oplossing komt."
LTO Nederland hat tongersdeitemiddei tasein wol diel te nimmen oan in 'ferkennend petear' mei stikstofbemiddeler Johan Remkes. Premier Mark Rutte soe de lanlike foarsitter telefoanysk tasein hawwe dat der 'gjin taboes' binne.