Veiligheidsregio Fryslân: "Stop met onveilige acties"

Rommel op de dyk op de A7 by Drachtsterkompenije © ANP
De Veiligheidsregio Fryslân ropt aksjefierders op om op te hâlden mei ûnfeilige aksjes. "Onveilige situaties op de wegen waarbij automobilisten en ook het werk van hulpverleners in gevaar komt, keuren wij af."
Mei de skriftlike ferklearring slút de Veiligheidsregio Fryslân him oan by de ferklearringen fan oare feilichheidsregio's. Mear as dizze skriftlike reaksje wol de feilichheidsregio op it stuit net kwyt.
Deputearre Friso Douwstra, listlûker foar it CDA by de Steateferkiezingen fan takom jier, kart de aksjes ôf. "Sa moatte we net mei-elkoar omgean. Minsken wurde yn libbensgefaar brocht. Ik siet fan 'e moarn ek op Twitter, ik skrok fan de bylden dat minsken echt in ûngelok hân ha. Dat moat net, dat kin net. Dat moat ophâlde."
Plysje siket 'onverlaten' foar fernieling A7
De plysje siket de dieders dy't ôfrûne nacht op de ôfritten fan de A7 ôffal stoart ha en yn brân stutsen. De sneldyk giet fanwegen de fernieling kommende wike ticht foar repraraasjewurk.
Neffens de plysje ha "onverlaten" om likernôch 04.20 oere ûnder oare heabulten, dong, in koelkast en asbest op de ôfritten yn 'e brân stutsen. Rykswettersteat is noch op syk nei in oannimmer dy't de rommel opromje wol op de op- en ôfrit fan de A7 by Fryske Peallen.
"Er zijn aanwijzingen dat bestuurders van vrachtwagens het dumpen van afval op de A7 mogelijk hebben gemaakt door tijdelijk langzaam te rijden en de snelweg te blokkeren voor achteropkomend verkeer", skriuwt de plysje.
It mei opsetsin fernielen, blokkearjen of ûnbrûkber meitsjen fan de dyk is in misdriuw. Tsjûgen wurde oproppen om har te melden.
Hy seit dat dit ek net mei. "Demonstrearje mei wol, mar noait mei gefaar foar in oar. Noait mei yllegale saken as dit. Dus doch dat net."
De eskalaasje moat tsjingien wurde troch te praten, tinkt Douwstra. "Ofrûne wike ha ik noch by fertsjintwurdigers fan de boeren west en mei de LTO praat. Kollega's fan my dogge dat ek."
Deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslan
Dat binne neffens de deputearre wol oare boeren as de aksjefierders dy't rommel op de sneldiken smite. "Ik soe net witte wa't dat binne", seit Douwstra. "Ik hoopje dat de dieders gau fûn wurde, dan kinne se derop oansprutsen wurde en eventueel ferfolge wurde."

BBB: aksjes moatte publyksfreonlik wêze

De Fryske ôfdieling fan de BoerBurgerBeweging nimt ôfstân fan de aksjes, seit foaroanfrou Femke Wiersma. "We ha ús altyd útsprutsen dat aksjes publyksfreonlik wêze moatte, we wolle gjin ûnfeilige situaasjes ha. Dit rint hielendal ferkeard, dit is net hoe't it moat."
De gemeente Opsterlân, dêr't by Fryske Peallen fannacht in ûngelok plakfûn troch rommel op de dyk, reagearret net. Loko-boargemaster Libbe de Vries fynt it net "sinfol" om te reagearjen op it nijs, seit in wurdfierder.

Premier Rutte: "Onacceptabel"

Premier Mark Rutte neamt de "protestacties van een kleine groep boeren" op de sneldiken "onacceptabel" en libbensgefaarlik. Dat skriuwt er yn in ferklearring op Twitter.
"Er zijn genoeg andere mogelijkheden om binnen de wet je onvrede te uiten", stiet yn de tweet. "De meeste boeren doen dat ook."
"Anderen moedwillig in gevaar brengen, onze infrastructuur beschadigen en mensen bedreigen die helpen opruimen, gaat alle perken te buiten", fynt de premier. Hy sprekt syn stipe út foar Rykswettersteat en de plysje.
Premier Mark Rutte © ANP
De premier is mei fakânsje, mar hy seit dat er wol yn kontakt stiet mei de meast belutsen ministers. Oare bewâldsleden skriuwe yn ferklearringen ek dat se soargen ha, se roppe op om op te hâlden mei aksjes dy't yn striid binne mei de wet.
It ministearje fan Justysje en Feiligens seit dat der in "hiel soad" oerlis is mei ûnder oare de plysje, it Iepenbier Ministearje en de gemeenten. Dat minister Dilan Yesilgöz noch net sichtber west hat, komt neffens in wurdfierder troch it reses.

Aksjegroepen: regearing moat wat dwaan

Boere-aksjegroepen Farmers Defence Force (FDF) en Agractie sizze dat de regearing de nije boere-aksjes op en by de sneldiken tsjinhâlde kin troch de stikstofplannen oan te passen. "Wij vinden de acties ook niet leuk, daarom moet de regering nu gaan bewegen", seit Erik Luiten fan Agractie.
FDF-foarsitter Mark van den Oever fynt ek dat it tiid wurdt dat de regearing aksje ûndernimt. "Want je merkt dat de boeren het niet meer pikken, en dat de acties verder escaleren. De regering moet per direct de acties beëindigen door de stikstofbrief van tafel te halen."