Oannimmer benaud foar bedrigingen, rommel op A7 bliuwt lizzen

Rommel op 'e dyk by Fryske Peallen © Omrop Fryslân, Maarten Bruining
It ôffal dat ôfrûne nacht op de A7 tusken Drachten en Grins op ferskate plakken dumpt is, bliuwt dêr foarearst lizzen. De oannimmer dy't de rommel opromje soe, is benaud foar bedrigingen. Dat meldt RTV Noord.
Woansdei wienen der al bedrigingen by ferlykbere aksjes yn it midden fan it lân. Dat soarge der ek foar dat de rommel lang lizzen bleau. Neffens Rykswettersteat Noard-Nederlân hearsket der ek eangst by de fêste oannimmer dêr't yn it Noarden mei wurke wurdt.
Dêrom wurdt der op it stuit neat opromme. "We zijn nog op zoek naar een oplossing. Tot die tijd blijft het afval liggen en wordt het verkeer er omheen geleid."

Noch gjin fersyk by Definsje

It ministearje fan Definsje seit dat dêr noch gjin fersyk yntsjinne is om te helpen by it opromjen fan de rommel. Definsje mei dat neffens de wet allinnich dwaan as kommersjele partijen it net dwaan kinne. Sa'n oanfraach moat earst beoardiele wurde.
"Als er al een verzoek komt, verwacht ik niet dat Defensie erop in kan gaan", seit in wurdfierder. As it giet om it fuortheljen fan asbest, kin Defensie yn alle gefallen neat betsjutte, omdat se dêr net de goede papieren foar ha.

Ungelok by Fryske Peallen

Under oare by Fryske Peallen en Drachtsterkompenije leit rommel op de dyk. By Fryske Peallen soarge dat djip yn de nacht, doe't it noch tsjuster wie, ek foar in ûngelok. Dêrby foelen gjin ferwûnen.
De gemeente Opsterlân, dêr't Fryske Peallen ûnder falt, fynt it net "sinfol" om te reagearjen op it nijs, seit in wurdfierder fan de loko-boargemaster Libbe de Vries.
De Veiligheidsregio Fryslân lit it ek by in skriftlike reaksje. "Als Veiligheidsregio Fryslân scharen wij ons achter de verklaringen die andere Veiligheidsregio's gisteren al hebben uitgegeven. Stop met onveilige acties. Onveilige situaties op de wegen waarbij automobilisten en ook het werk van hulpverleners in gevaar komt, keuren wij af."
Rommel op de dyk by Fryske Peallen
Nei oanlieding fan de protestaksjes op de sneldiken hat Rykswettersteat in yntern krisisberied yn it libben roppen. Fierder is Rykswettersteat fan doel de kosten fan it opromjen en de skea te ferheljen op de feroarsakers.
In wurdfierder jout wol ta dat dat dreech wurdt, salang't net dúdlik is om wa't it giet.
Rommel op 'e dyk by Drachtsterkompenije © ANP