Trijehûndert belangstellenden by manifestaasje Titus Brandsma

Sintymuzyk fan Adell-trio mei Roger Moreno yn de Broeretsjerke © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trijehûndert belangstellenden út it hiele lân wei wienen woansdei by de aktiviteiten om de hillichferklearring fan Titus Brandsma hinne yn Boalsert. Op syn tachtichste stjerdei folgen se in programma en rûnlieding by trije tsjerken del mei sprekkers, sjongers en muzyk.
'Thúskomme by Titus' hjitte de manifestaasje. Dûmny Gerrit de Haan fan de organisaasje sjocht werom op in slagge dei. "In geweldige dei. Ik ha soks noch nea meimakke yn Boalsert."
Der is stilstien by de skiednis fan de tsjerken, it leauwen yn Boalsert en by it libben fan Titus. Yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid is in eksposysje iepene oer Brandsma.
En al stiet in hillichman faak op in fuotstik, Titus is ek in gewoan persoan by wa't je tichtby komme kinne, fynt De Haan.
"Titus de hillige, dan tinke je: hiel hillich, dêr moatte je foarnaam en sêft oer prate. Nee, we litte him libje. It is in man dy't ús fjoer jout. Hy hat sein: we binne der net foar om grutte dingen te dwaan, mar om lytse dingen grut te dwaan."