Ungelokken troch ôffal op de dyk, hinder foar ferkear op A7

Rommel op 'e dyk by Drachtsterkompenije © ANP
Troch aksjes op de dyk is de A7 op guon plakken ticht. Tusken Drachten en Grins ha fannacht ferskate ûngelokken plakfûn troch ôffal op de dyk. By de ûngelokken rekken gjin minsken ferwûne.
De op- en ôfritten by Fryske Peallen binne ticht. Dêr binne tongersdeitemoarn betiid ferskate auto's op in dykblokkade riden. Rykswettersteat wit noch net hoe let oft de op- en ôfritten wer iepen binne.
Fierder is de dyk by fersoargingsplak Oude Riet (Niebert) rjochting Fryslân ticht, omdat der rommel op twa rydstripen leit. It ferkear kin dêr wol oer de flechtstripe. Dat is by Leek ek sa.

Noch hieltyd hinder

Earder op de moarn wie de dyk op mear plakken ticht. Ferkear kin no wol fan Grins nei Drachten, mar moat noch wol foarsichtich wêze, seit Diederik Fleuren fan Rykswettersteat. "Daar is heel veel puin en rotzooi gestort op diverse plekken. Nog niet alles is nu van de weg af, dus men moet nog wel rekening houden met hinder,"
Rommel op de dyk by Fryske Peallen
Juster wienen der al ferskate aksjes yn it midden fan Nederlân. It opromjen fan de rommel smiet ek hinder op, omdat oannimmers yntimidearre waarden by harren wurk. Fleuren: "Dan proberen we binnen ons netwerk te kijken wie dan wel die werkzaamheden uit kan voeren. Het kan wel zijn dat het daardoor langer duurt."

Aksjes op ferskate plakken

De aksjes yn Fryslân begûnen woansdeitejûn. Sa stienen der pakjes hea yn 'e brân op de N381 by Oerterp en in bân neist de Wâldwei by Drachten. Ek by de ôfslach fan de A7 yn 'e rjochting fan Easterwâlde wie in bân yn 'e fik set. De brânwacht hie de brantsjes frij gau út.
Lâns de A7 by Drachten is in trekker yn 'e brân stutsen. Yn Surhústerfean stiene in pear bulten hea yn 'e brân. Dy binne goed wiet makke troch de brânwacht, ek om foar te kommen dat se opnij oanstutsen wurde kinne.
Als dit zo doorgaat, wie weet wat er dan gebeurt op de snelweg.
Diederik Fleuren (Rykswettersteat)
Fleuren docht in oprop oan de aksjefierders: "Doe dit in ieder geval niet op de snelweg, dat veroorzaakt levensgevaarlijke situaties. We hebben het vannacht dus weer gezien met meerdere ongelukken. En 's nachts is het nog donker, dan mag men ook 130 kilometer per uur rijden. Je wilt niet weten wat er dan gebeurt. Als dit zo doorgaat, wie weet wat er dan gebeurt op de snelweg."
Der is noch gjinien oanholden foar de aksjes op de sneldiken, meldt de plysje. "Met de middelen die wij beschikbaar hebben, gaan we eerst kijken wat er gebeurd is", seit in wurdfierder tsjin parseburo ANP.

Warskôging plysje oan ferkear

De plysje warskôget it ferkear yn Noard-Nederlân om alert te wêzen en slút net út dat der mear aksjes komme. "Er kan plotseling op elke plek afval worden gedumpt en dit kan leiden tot zeer gevaarlijke situaties", klinkt de warskôging.
Se advisearje om rekken mei de aksjes te hâlden en it rydgedrach oan te passen.
De aksjes wurde sjoen as protest tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Der wienen justerjûn en ôfrûne nacht in pear tsientallen aksjefierders op 'en paad, ûnder oare mei trekkers.