Bernefestival bringt fleur yn needopfang COA yn Ljouwert

Bernefestival by de needopfang © omropfryslan
Se steane yn 'e rige foar de sûkerspin, se tekenje en se sjogge nei foarstellings. De bern yn de needopfang fan it COA yn it WTC yn Ljouwert fermeitsje harren trije dagen lang mei in bernefestival.
Vluchtelingenwerk organisearret it festival foar 12 needlokaasjes yn it lân. Ljouwert is as earste oan bar. Krekt omdat der yn de needopfang gjin foarsjennings binne, wol Vluchtelingenwerk op dizze wize wat fleur by de bern bringe dy't it al dreech genôch hawwe.
Dat slagget. Want oeral drave de bern nei ta. De sûkerspinnen, de ballonnen, de tekentafel en fansels de foarstellings dy't spile wurde. Sarah is 12 jier, se is sûnt fjouwer wike yn Nederlân en sûnt twa wike yn de needopfang fan it WTC. Se is al foar de tredde dei by it festival. Benammen as it grappich is, fynt se it aardich. Want dat makket har bliid en dan ferjit se foar efkes har soargen. Har grutste winsk: yn Nederlân bliuwe kinne.
Bern yn needopfang genietsje fan festival