'Simmer yn Fryslân' trapet in baltsje yn Jiskenhuzen

'Simmer yn Fryslân' trapet in baltsje yn Jiskenhuzen
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we woansdei yn Jiskenhuzen. Ferslachjouwer Geert van Tuinen trapet dêr in baltsje mei it jonge talint fan it doarp.
En wat lit de jongerein fan Jiskenhuzen keeper Van Tuinen switte. Dêrneist krijt Geert noch in moarnsbrochje fan doarpslju dy't him opfange.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tongersdei 28 july is Omrop Fryslân yn Driezum - Wâlterswâld. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.