Fryske keunstfoarwerpen tenei makliker útliend oan oare musea

Joop Koopmans (l), foarsitter fan de KFG, Kris Callens (m), direkteur Fries Museum en Ritske Mud (r), sekretaris fan de KFG © Marieke Balk Fotografie
Keunstfoarwerpen út de kolleksje fan it Koninklijk Fries Genootschap binne tenei makliker te brûken troch musea. De kolleksje fan it Genootschap bestiet út mear as 50.000 stikken.
Dy stikken wurde beheard troch it Fries Museum. De kolleksje is goed in fjirde part fan de totale kolleksje fan it Fries Museum. Dêr sitte in soad topstikken by.
in skilderij út de kolleksje fan Koninklijk Fries Genootschap © Fries Museum
It brûken fan de kolleksje waard al langer oanmoedige, mar útliene wie faak dreech fanwegen kwestjes op it mêd fan oanspraaklikheid. In oerienkomst tusken it Fries Museum en Koninklijk Fries Genootschap is no folle ienfâldiger makke. Dêrtroch kinne stikken makliker útliend wurde oan oare musea.

Hege preemjes

Der wurde no al sa'n 700 objekten fan it Genootschap útliend oan goed 100 musea, mar der is wol in grutte drompel. Dat siet him benammen yn de fersekering fan dizze keunst. De preemjes wiene hiel heech, omdat de brûkliennimmer folslein ferantwurdlik wie foar it liende stik.
Der binne no bettere betingsten skept sadat it foar in museum in minder grut risiko is om in stik te lienen.