Driigjend tekoart oan medyske helpmiddels yn Fryske sikehûzen

Sikehûzen hawwe hieltyd mear problemen mei de beskikberens fan medyske helpmiddels. It giet om produkten as ynfúslinen, kateters en ynjeksjenullen. Foar de Fryske sikehûzen wurdt it leverjen fan de medyske materialen ek in hieltyd gruttere útdaging.
Yn it Antonius Ziekenhuis, it MCL, Nij Smellinghe en Tjongerschans is nog gjin sprake fan in tekoart, mar spannend wurdt it wol: ''Er zijn nog geen operaties afgezegd, maar we moeten er in de planning veel rekening mee houden. Elke dag is het puzzelen om de juiste spullen op het juiste moment binnen te krijgen en soms moet een operatie uitgesteld worden'', fertelt Dennis Mostert, ynkeapmanager Inkoopsamenwerking Friese Ziekenhuizen (IFZ).
Neist it útstellen fan operaasjes soarget de tanimmende krapte derfoar dat de helpmiddels djoerder wurde foar de sikehûzen om yn te keapjen. Mostert: "Het valt nu nog mee, maar de prijzen kunnen gaan stijgen."
Ferskillende oarsaken
Neffens Mostert binne der ferskate oarsaken foar de tekoarten oan medyske helpmiddels. As earst is dat de coronakrisis. "In de hele wereld zijn productiesites stil komen te liggen. Dat zorgde voor logistieke problemen in de hele wereld, voor spullen waar wij in de hele keten gebruik van maken", fertelt hy.
In twadde oarsaak is de oarloch yn Oekraïne. "De oorlog heeft ook een effect op de beschikbaarheid van grondstoffen en dus op de leveringsproblemen."
Better organisearje
Om it probleem op te lossen en om it foar te kommen yn de takomst tinkt Mostert dat de brânzje beter organisearre wurde moat. "We moeten het handiger organiseren. Niet op één plek, maar op meerdere. Als we de keten beter organiseren, kunnen we beter uitgaan van de verkrijgbaarheid. We moeten daar meer energie in steken."
Ynkeapmanager Dennis Mostert oer it tekoart oan medyske helpmiddels