Guon kankerbehannelingen tenei effisjinter: "Voor patiënt en ziekenhuis beter"

In pasjint ûndergiet in MRI-scan © Shutterstock
Tûzenen kankerpasjinten hoege tenei minder faak nei it sikehûs foar harren behanneling. Benammen trajekten mei bestrielings en ymmúnterapy kinne tenei effisjinter útfierd wurde.
Yn de coronatiid binne behannelingen yn sikehûzen grutdiels ynkoarte. Neffens ynternist-hematolooch Esther de Waal fan it MCL yn Ljouwert is yn dy tiid út praktysk eachpunt sjoen nei hoe't behannelingen minder belêstend foar de pasjint en it sikehûs makke wurde koene.
It MCL hie de ôfrûne twa jier beheinde romte en boppedat moast personiel ôfstân hâlde. "Zo werden we gedwongen te kijken hoe we de behandeling wel volledig kunnen geven, maar de patiënten ook zo goed mogelijk kunnen verspreiden over ons dagcentrum."

Langere ynterfallen

Foar guon trajekten binne yn dy tiid de ynterfallen tusken behannelingen ferlinge. "We hebben de dosis dan verhoogd, zodat de behandeling even effectief bleef."
Na verloop van tijd komt er voortschrijdend inzicht en dan blijkt dat je het ook eens in de vier weken kunt geven.
Ynternist-hematolooch Esther de Waal oer behannelingsskema's
Neffens De Waal kostet it tiid om ta it ynsjoch te kommen dat behannelingen effisjinter jûn wurde kinne. "Als een middel op de markt komt is er vaak veel onderzoek gedaan, maar wel met een bepaald schema. Na verloop van tijd is er sprake van voortschrijdend inzicht en dan blijkt dat je het ook eens in de vier weken kunt geven."
By tradisjonele behannelingen lykas gemoterapie kin it skema net samar feroare wurde, mar dizze gruttere ynterfallen wurkje neffens De Waal wol goed by ymmúnterapy.
"We weten van bepaalde soorten kanker dat ze heel goed reageren op immuuntherapie", seit De Waal. It giet dan om ûnder oaren longkanker en melanoom, in agressive foarm fan hûdkanker. Dêr binne de skema's no dan ek tapast, fertelt de ynternist-hematolooch. Benammen de longpasjinten hoege no minder faak del te kommen foar in behanneling.

Win-win

De Waal hat goede hoop dat der yn de takomst mear fan dit soarte fan ûntwikkelingen komme. "Er wordt altijd gekeken naar hoe je de mensen een zo goed mogelijke behandeling kunt geven met zo min mogelijk impact op de kwaliteit van leven."
Hoe minder pasjinten yn it sikehûs binne, des te better it is. Dat jildt foar de pasjint, mar ek foar it sikehûs, seit De Waal. "Dus het is alleen maar een win-winsituatie."