Europa wol lânbouproduksje stimulearje: gjin braaklizzing foar bouboeren yn 2023

Weet by Hallum © Omrop Fryslân
In posityf berjocht foar de bouboeren: de ferplichting yn it nije Mienskiplik Lânboubelied fan Europa om mei yngong fan 2023 fjouwer persint fan it lân braaklizze te litten giet foarearst net troch.
De Europeeske Kommisje hat dit besletten fanwege de oarloch yn Oekraïne en de drûchte yn grutte dielen fan Europa. It ministearje fan Lânbou giet hjiryn mei, sa lit in wurdfierder fan it ministearje yn Den Haag witte.

'Ferstandich beslút'

Brussel wol sa foaral de produksje fan nôt stimulearje en fierder ek befoarderje dat de prizen foar oare lânbouprodukten net te bot omheech geane. "In ferstannich beslút", is de earste reaksje fan Tineke de Vries fan LTO. "De nôtpriis is no heech, dêrom sil der grif ek mear graan ynsiedde wurde."
Tagelyk relativearret De Vries de bydrage fan Nederlânske bouboeren oan de nôtproduksje. "Foar de bouboeren yn Fryslân binne ierappels, sipels en biten belangriker. Nôt is foar ús foaral in wikselgewas om de boaiem te ferbetterjen."
Europa wol lânbouproduksje stimulearje: gjin braaklizzing foar bouboeren yn 2023
It beslút fan de Europeeske Kommisje is wol pikant, want it betsjut dat de kommisje guon útgongspunten fan it nije mienskiplik lânboubelied en de 'Farm to fork'-strategy al los lit, foardat se yngean soene yn 2023.
"Dizze tiden freegje om fleksibiliteit", seit de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) dêroer. Syn partij stiet dêrom fan herte efter it beslút. De Europeeske Kommisje hâldt yn prinsipe noch wol fêst oan de útgongspunten foar fergriening en ferplichte braaklizzing, mar stelt de ynfiering dêrfan út.

'Net út te lizzen'

As it oan Tineke de Vries leit, komt dy foarskreaune braaklizzing der hielendal net. Bouboeren hâlde dêr net fan. Je hawwe wol wurk, mar gjin opbringsten en de fergoeding dy't dêr foaroer stiet út it lânboubelied hâldt net oer.
Se ûnderskriuwt de needsaak om de lânbouproduksje te ferheegjen. "Ît belied wie rjochte op in wat legere produksje. Mar no't heal Europa ferdrûget en der ek oarloch is, is dat net út te lizzen."
Tineke de Vries oer it skrassen fan it braaklizzen yn 2023